SpongeBob SquarePants: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
FK-4 (oerlis | bydragen)
FK-4 (oerlis | bydragen)
Rigel 5:
 
Djip yn 'e oseaan, yn it stêdsje Bikinibroek ([[Ingelsk]]: 'Bikini Bottom') wennet in seepûns dy't SpongeBob SquarePants hyt. Er hat de foarm fan in himmelpûns, is felgiel en hat gatten oer syn hiele lichem. Syn standerd klean binne in brune broek, in reade stropdas, in pear wite sokken en swarte lakskuon. Er wennet yn in ananas tegearre mei syn húsdier, de katêftige seeslak Gerrit (Ingelsk: 'Gary'). SpongeBob wurket as sjefkok yn it ferneamde restaurant 'De Krokante Krab' (Ingelsk: 'The Krusty Krab'), yn in pear ôfleverings ek wol oerset as 'De Koarstige Krab'. Er hâldt fan syn wurk en er stiet yn syn doarp ek bekend as in masterlike kok, dy't de bêste burgers fan 'e seeboaiem makket. Hy leveret syn baas, de krab Menear (Eugene) Krabs, dan ek in protte jild op. SpongeBob is al tige lang bêste freonen mei Patrick Ster (Ingelsk: Patrick Star), in seestjer dy't net sa tûk is en dy't ûnder in rûne rots wennet, twa huzen fierderop fan SpongeBob. De buorman fan sawol SpongeBob as Patrick is de inketfisk Octo Tentakel (Ingelsk: 'Squidward Tentacles'), in gauris nijsgjirrich en saai persoan, dy't in soad argewaasje hat fan syn hyperaktive buorlju, mar ek oer it algemien oer alles wat te kleien haw kin. SpongeBob en Patrick reitsje tegearre tige rap yn swierrichheden, dêrop't in soad fan 'e ôfleverings dan ek op basearre binne. Yn 'e searje besteegje de twa freonen in protte tiid oan kwabbenfiskje. Gauris slute SpongeBob en Patrick freonskip mei ien of mear kwabben, mar deselde bisten foarmje ek gauris in bedriging foar harren.
De opset fan 'e rige is yn grutte linen te ferlykjen mei dy fan animearre searjes as The Simpsons en Family Guy. Ek SpongeBob draait om it libben yn in fiktive stêd folle mei absurde persoanaazjes. Neist SpongeBob komme syn bêste freon Patrick, syn baas Menear Krabs en syn buorman Octo Tentakel yn eltse ôflevering foar. Dêrneist bestiet der in grut oantaltal bypersoanaazjes en figurantenpersoanaazjes, allegear bewenners fan Bikinibroek, dy't gauris weromkomme. Mar selden wurdt der fan dizze formule ôfsjoen. Yn 'e rin fan 'e searje haw in soad famyljeleden fan 'e haadpersoanaazjes in rol spile, dy't yn guon gefallen fan in hielendal oare diersoarte binne. Sa hat Menear Krabs in potfisk as dochter. Ek famylje fan Octo en Patrick haw ien of mear kearen in rol spile yn in ôflevering.
 
== Haadpersoanaazjes ==