Nyckle Haisma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L [[]]
Rigel 2:
'''Nicolaas Jacobs Haisma''' ( [[Ie (Dongeradiel)|Ie]], [[18 maaie]] [[1907]] - [[Tjilatjap]], [[22 febrewaris]] [[1943]] ) wie in Frysk skriuwer.
 
Nei de jûnsskoalle en de [[ULO]] slagge Nykle yn [[1927]] oan de kristlike kweekskoalle yn [[Dokkum]]. Underwilens hie er by de doe krekt oprjochte [[Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje|AFUK]] ûnder lieding fan [[Douwe Kalma]] ek al de [[Fryske akteAkte]] helle. De ryksbeurs dy't er oanfrege foar de haadakte joech him de ferplichting nei it beheljen fan de akte as ûnderwizer nei [[Nederlânsk -Ynje]] te gean.
 
Yn 1939 krige er in baan oan in u.l.o.-skoalle yn Cheribon op [[Java]]. Al frij gauRillegau dêrnei waard Haisma yndield by de Lânstoarm en yn maart 1942, nei de kapitulaasje, bedarre de skriuwer as kriichsfinzene yn in Japansk ynternearringskamp yn Bandoeng. Yn in twadde kamp yn Tjilatjap skipe Haisma [[diftery]], dêr't er op 22 febrewaris 1943 oan stoarn is. Nyckle Haisma leit begroeven op it earefjild Leuwigadjah op Java.
 
Nyckle Haisma debutearre yn [[1927]] yn "Yn ús eigen tael" mei twa proazasketsen. Fierwei it measte en it wichtichste fan syn literêre wurk hat Haisma yn Ynje en ûnder de yndruk fan syn ferbliuw yn de frjemdte skreaun: fersen, sketsen, in novelle, noch in (Hollânsktalich) berneboek en it wichtichste, syn dûbelroman oer Peke Donia, de koloniaal.