Piter Jelles Troelstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
monumint
Rigel 13:
Yn [[1888]] troude Troelstra mei [[Nynke fan Hichtum|Sjoukje Bokma de Boer]], dy't ûnder it pseudonym ''Nynke fan Hichtum'' bekend wurden is as berneboekeskriuwster. It pearke krige twa bern, Dieuwke en Jelle.
 
Nei syn stúdzjetiid fêstige Troelstra him as adfokaat yn Ljouwert. Hy waard yn [[1890]] lid fan de [[Fryske Folkspartij]], mar kaam nei in lange twastriid ta de konklúzje him alhiel oan de sosjalistyske beweging dete wijen. Hy ferhûze yn [[1893]] nei Hollân. Yn 1894 stie Pieter Jelles Troelstra oan de widze fan de [[Sosjaal Demokratyske Arbeiders Partij]] (SDAP) en yn [[1897]] kaam hy foar dy partij yn de [[Twadde Keamer]]. Dêr toande hy him in fûleindich anty-monargist. Hy hope dat de monargy mei Wilhelmina útstjerre soe. Doe't yn 1909 de lettere keninginne Juliana berne waard seach er syn hope op in republyk yn reek opgean. Hy begûn him wer oan de literatuer te wijen en publisearre yn datselde jier syn ferneamde dichtbondel ''Rispinge'', in bondel dy't yn in tiid fan moralistyske dichtkeunst opfoel troch de iepenens en it persoanlike karakter fan de ferzen.
 
Net allinne troch syn politike aktiviteiten, mar ek troch syn rol as adfokaat fan de bruorren Hogerhuis waard Troelstra nei [[1897]] ferneamd yn hiel Nederlân. It proses tjin de trije fan in rôfoerfal beskuldige bruorren, dy't altyd folhâlden hawwe ûnskuldich te wêzen, krige yn dy tiid in protte omtinken en waard yn de sosjalistyske beweging sjoen as ûnsoarchfâldich.