Sjoerd Hamburger: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
plaatsje der by
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
Rigel 22:
}}
 
'''Sjoerd Hamburger''' ([[Aldeberkeap]], [[8 febrewaris]] [[1983]]) is in [[Fryslân|Frysk]] [[roeien|roeier]]. Hy die ien kear mei foar Nederlân op de [[Olympyske Spullen]], mar wûn doe gjin medalje.
 
Sjoerd Hamburger kaam yn 2001 as studint yn [[Utert (stêd)|Utert]] yn kontakt mei de studintenroeiferiening [[A.U.S.R. Orca|Orca]]. Op dat stuit hie de feriening meardere [[Olympyske Spullen|Olympia]]-gongers fan [[Olympyske Simmerspullen 2000|Sydney]]. [[Elien Meijer]], [[Marieke Westerhof]], [[Geert Cirkel]], [[Peter van der Noort]] en [[Merijn van Oijen]] wienen lid fan de súksesfolle froulju-acht en de wat minder súksesfolle manlju-acht. Hjirfoar spile hy [[kuorbal]] en die in pear kear mei as rekreant op in achtste [[triatlon]]. Yn 2007 slagge hy foar syn stúdzje Algemiene Sosjale Wittenskippen.
 
Syn bêste prestaasje oant no (peildatum augustus 2008) is it winnen fan de wrâldtitel foar neo-senioaren. Yn 2008 makke hy syn olympyske debút op de [[Olympyske Simmerspullen 2008|Olympyske Spullen fan Peking]] yn de skiffklasse. Yn de kwartfinale einige hy as fjirde yn syn searje efter Nij-Seelân, Sweden en Amearika mei in tiid fan 6.57.24. Hjirtroch is in hege klassearring útsluten, want allinnich de earste trije gienen nei de heale finale.
 
Yn 2009 wûn hy mei it team fan Oxford [[The Boat Race]], de tradysjonele [[roeien (sport)|roei]]wedstriid tusken de ploegen fan de universiteiten fan [[Universiteit fan Oxford|Oxford]] en fan [[Universiteit fan Cambridge|Cambridge]] op de [[Theems]]. Hy is de twadde Nederlânske meidogger dy't de race mei Oxford wûn: [[Gerritjan Eggenkamp]] gie him yn 2002 foar. Yn it dêropfolgjende seizoen waard Hamburger as earste net-Ingelstalige bûtenlanner keazen ta ''president'' (kaptein) fan de roeiferiening fan Oxford. Sa die hy yn 2010 foar de twadde kear mei oan The Boat Race, mar syn ploech waard dizze kear ferslein troch Cambridge.
 
Hy is oansluten by ''Orca''.
 
 
Sûnt [[2002]] is Hamburger aktyf as roeier yn de swiere manlju 8. Yn [[augustus]] [[2008]] hat hy mei dien oan de [[Olympyske Spullen]] yn [[Peking]].