Fryske Folkspartij (FFP): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
red
Rigel 3:
Van der Goot hie yn 1933 mei [[R.P. Sybesma|Rintsje Sybesma]] de earste Frysktalige politike partij oprjochte, it [[Frysk Fassisten Front|Frysk Faksiste Front]] (FFF), dat in skoftke oansletten west hie by de [[Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging|NSB]]. Nei de dea fan Van der Goot ferdwynt it FFF en wurdt opnij oprjochte as Fryske Folkspartij.
 
Kiestra waard foarsitter en redakteur fan it partijblêd It Fryske Folk, dat letter Frysk Folksblêd kaam te hjitten. De partij neamde harsels nasjonaal-naturalistysk ynstee fan nasjonaal-sosjalistysk, omdat hja in nij-heidenske ferearing fan it 'natuerlike libben' oanhongen. Yn it partijprogramma fynt menwurde alle eleminten fan it [[Nasjonaal-sosjalisme]] werom fûn, ek de rasselear. De partij bleau lyts, yn 1941 wienen der sa'n 30 beteljende leden, it Frysk Folksblêd hie 25 abonnee's. Guon fan de leden sleaten har yn de oarloch oan by de Fryske Rie as ûnderdiel fan [[Stichting Saxo-Frisia|Saxo-Frisia]], in organisaasje dy’t yn de besettingstiid organisatoarysk ûnder de [[Nederlânske SS|Nederlânske]], letter de [[Germaanske SS]], foel.
 
Bekend lid fan de FFP wie [[Douwe Kalma]].