Einekoai: ferskil tusken ferzjes

1.427 bytes grutter ,  11 jier lyn
útwreide
(+iw frr)
(útwreide)
[[File:Decoy 5 pipe.gif|thumb|Plattegrûn fan in Ingelske einekoai mei fiif pipen]]
[[Ofbyld:Eendenkooi.vangpijp.jpg|thumb|Ein fan de fangpiip]]
[[Ofbyld:Eendenkooi.rietschermen.jpg|thumb|De reidskermen]]
In '''einekoai''' (ek koartwei “koai” neamd) is fan oarsprong in plak wêr’t ferskate soarten yn it wyld libjende [[anatidae|ein]]en fongen waarden foar konsumpsje. Einekoaien leine meast net fier fan de kust.
 
== Skiednis ==
De earste einekoaien waarden yn Nederlân yn de [[16e ieu]] oanlein. Yn de [[17e ieu]] ferskynden se ek yn [[Dútslân]] (''vogelkoje''), yn [[Münsterlân]] en [[Denemark]] (''fuglekøje''). Ek yn [[Ingelân]] (''decoy'', ôflaat fan 'de koai')<ref>Neffens Chambers Dictionary</ref> waarden koaien oanlein nei Nederlânsk foarbyld. Sûnt de [[18e ieu]] waarden nei Nederlânsk foarbyld koaien ynrjochte yn [[Noard-Fryslân]], benammen op de eilannen. Ek yn it bûtenlân binne einekoaien tsjintwurdich ringkoaien en lûke sy toeristen. Begjin [[20e ieu]] binne fierwei de measte koaien opdûkt.
 
De [[Schotanusatlas]] fan [[1718]] jout yn [[Fryslân]] noch 147 koaien; [[Wopke Eekhoff|Eekhoff]] syn atlas lit noch 86 sjen, dêr't 62 fan ''vervallen'' wiene.
 
Mids 80er jierren fan de 19e ieu waarden noch 41 ''decoys'' yn Ingelân yn it wurk holden; 145 waarden doe al net mear brûkt.<ref>Harvnb Payne-Gallwey 1886. 60–187.}}</ref> No binne dêr mar in pear oer, sa as [[Hale Duck Decoy]] yn [[Cheshire]] en [[Boarstall Duck Decoy]] ûnder [[Aylesbury]] yn [[Buckinghamshire]], dy't eigendom binne fan de ''National Trust''. Ek yn Denemark (Fanø) binne noch in hantsjefol oerbleaun.
 
== Ynrjochting en wurkwize ==
De einekoai bestiet út in grutte [[fiver]] wêr’t inkele smelle sleatten op útkomme, de saneamde [[fangpiip|fangpipen]]. Einen dy’t út in kâlder wurdende kontreien weilutsen binne om yn in waarmer gebiet te oerwinterjen sykje faak plakken út wêr’t se bekomme kinne fan de reis. Om oerfleanende einen te lokjen, hat de [[koaiker]], de behearder fan de koai, op de koaiplasse in grut tal nuete einen dy’t er alle dagen fuorret. Sy binne wend oan de koaiker en it koaikershûntsje.
 
* [http://74.125.77.132/search?q=cache:5Nq89pKniV0J:www.fryskegea.nl/default.aspx%3FartID%3D77+einekoai&hl=fy&ct=clnk&cd=14&client=firefox-a Buismans einekoai yn Piaam]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
{{EvF|Eendenkooi}}
}}
 
[[Kategory:Jacht]]