Aggie van der Meer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 2:
[[Ofbyld:Aggie van der Meer Tresoar 37.jpg|thumb|right|240px|''Aggie van der Meer'']]
== Skriuwen ==
Van der Meer is op lettere leeftyd begûn mei it skriuwen fan gedichten en proaza. Foar de fredesbeweging en Leefbaar Friesland skreau se wol altyd al artikels. It iennige proaza dêr't se har al ris oan weage hie, wie it berneboek ''It kemiel fan omke Romke'' (1964). Wol publisearre se inkelde gedichten yn de literêre tydskriften [[Hjir]] en Tzum, en yn it digitale tydskrift [[Kistwurk]]. Har debút yn boekfoarm wie ''De stêd, it bist, de ingel'' (2000). In pear jier letter waard it bewurke ta toanielstik.
Yn it ramt fan 550 jier stedsrjochten fan de stêd Boalsert, skreau hja it stik ''Spegelbylden, spul om Jan Brugman''. Har twadde dichtbondel ''Hân oan 'e muorre'' ferskynde yn 2002 en yn datselde jier debutearre se mei in roman, de Lytse roman fan Jon Fels.