Tsjonger: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
[[Ofbyld:De Tjongermolen Mildam 07.JPG|thumb|right|250px|[[Tsjongermole]] by [[Mildaam]]]]
[[Ofbyld:Hoarnstersweach Tsjonger 1444.jpg|thumb|right|250px|''De Tsjonger by Hoarnstersweach'']]
'''De Tsjonger''' ([[Stellingwerfsk]]: ''De Kuunder'') is in rivierkerivier yn [[Fryslân]] dy't fan súdeast nei it suden fan Fryslân rint. Earder mûne de Tsjonger út yn de [[Sudersee]] by [[Dede Kúnder]] yn Oerisel, mar troch de oanlis fan de [[Ofslútdyk]] en [[Noardeastpolder]] is de mûning blokkearre. It wetter út de Tsjonger wurdt sûnttiid fia de Fryske boezem ôffierd.
 
Ein [[19e ieu]] is de Tsjonger kanalisearre foar de skipfeart en ûntwettering. Dêrom wurdt tsjintwurdich faak sein fan it Tsjongerkanaal.
Rigel 11:
De Tsjonger begjint by de Drintske grins, tusken [[De Haule]] yn de gemeente [[Eaststellingwerf]] en [[Feanhuzen (Noardenfjild)|Feanhuzen]] yn de gemeente [[Noardenfjild]] yn Drinte. De rin gong likernôch dêr't it [[Hauler Diep]] leit. Fan dêr rint de rivier as de [[Boppe Tsjonger]] nei it westen en dan tusken [[Donkerbroek]] en [[Easterwâlde (Fryslân)|Easterwâlde]] troch nei it suden.
 
Nei it krusen fan de [[Opsterlânske Kompanjonsfeart]] rint de rivier nei it westen en súdwesten, ûnder de namme "[[Tsjongerkanaal]]", om't de rivier hjir kanalisearre is, by [[Aldeberkeap]] del. Dêr lizze út en troch noch eardere meänders by de rivier, dêr't de grutste fan súdlik fan it [[Ketliker Skar]] lizze: de [[Tsjongerdellen]]. Foarby de TsjongerdellenTsjonger-dellen rint de rivier nei it noardwesten, nei [[Mildaam]], mar rint dan wer nei it súdwesten, oant de [[Engelenfeart]].
 
Fan hjirdêr ôf hjit de rivier gewoan De Tsjonger, en giet hieltyd noch kanalisearre fierder nei it súdwesten, oant de omkriten fan [[Rotstergaast]] ta. Dêr foarby giet de mear natuerlike rin fan de rivier fral nei it suden, troch [[it Wiid]], foarby [[De Langelille]], nei [[Skoattersyl]].
 
Foarby Skoattersyl giet De Tsjonger troch de [[Tuskenlinde]] fierder nei [[Slikenboarch]], dêr't eartiids de [[Linde]] der by kaam. De Linde brûkt no de âlde rin fan De Tsjonger, wylst De Tsjonger dêr nêst nei it suden rint troch it [[Nije kanaal]]. Sa komt de Tsjonger út by [[Dede Kúnder]], dêr't De Tsjonger earder yn de Sudersee útmûne. Under de namme [[Alde Tsjonger]] leit eastliker noch in part fan in âldere rin, dy't wat westliker as Slikenboarch begûn en wat eastliker as de Kúnder yn see rûn.
 
Doe't yn [[1998]] bliken die, dat by ekstreem heech wetter it wetter net hurd genôch fuortkomme koe, binne oan de westkant fan de Tsjonger dielen fan de kaai ferlein en is dêr in stripe fan sompe en reidlân kaam. Ek is de kaai ferhege.
 
== Untstean ==
Nei it teien fan de iisbedekking yn de tiid fan it [[Saalien]] (150.000-120.000 jaar lyn) bleau dêr in grut klaailiemplato efter yn Noard-Nederlân. Op it heger lizzend gebiet, it Frysk-Drintsk klaailiemplato, ûntstie in wetterstelsel dat it wetter nei de see brocht. De Tsjonger dy't doe ûntstie, is hjir in foarbyld fan. Yn de rin fan de tiid hat de Tsjonger in delling útsliten yn de [[klaailiem]]. Yn perioaden fan kjeld yn foaral de lêste iistiid ([[Weichselien]]) binne troch de wyn boppe-op de klaailiem deksânen ôfset. Sûnt de lêste faze fan it Weichselien en it [[Holoseen]] dêroan ûntstie yn de Tsjonger-dellingTsjongerdelling fean, foaral op legere dielen en oan de oeren.
 
== Taalgrins ==