Herre Halbertsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
MeinRei (oerlis | bydragen)
fw
Rigel 1:
'''Herre Halbertsma''' ([[Snits (stêd)|Snits]], [[9 july]] [[1920]] - [[3 desimber]] [[1998]]), wie in Fryske [[histoarikus]], dy't foaral namme makke as [[argeology|argeolooch]].
 
Herre Halbertsma waard berne yn [[Snits (stêd)|Snits]] en brocht dêr syn jeugd troch. Yn [[1940]] studearre hy yn [[Grins (stêd)|Grins]] skiednis, mei [[argeology|âldheidskundige boaiemûndersyk]] as byfak. Hy wie in skoftsje meiwurker fan [[A.E. van Giffen]] en ûnder dy syn lieding die hy ûnderfining op yn it fjild. Nei syn stúdzje gong er yn [[1947]] wurkjen by de krekt dêrfoar oprjochte Rykstjinst foar it Aldheidskundich Boaiemûndersyk (ROB). Al gau wie Halbertsma belutsen by tsjerke restauraasjes, dêr't âldheidskundich boaiemûndersyk in wichtige oanfolling by foarme op de bouskiednis. It binne foaral de ûntelbere tsjerke opgravings west dy't syn namme bekendheid joegen, mei as hichtepunt de [[St. Bonifatiustsjerke]] en [[St. Maartenstsjerke]] yn [[Dokkum]], de [[Aldehou (toer)|St. Vitustsjerke]] (of Aldehou) yn Ljouwert en de Lebuinustsjerke yn Zaltbommel.