Okke Hel (sêge): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Tonger - Verwijzing(en) gewijzigd naar tonger (ûnwaar)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
 
==Ferhaal==
Okke wie in skipper út [[Harns (stêd)|Harns]] dy't geregeldwei útfardeútfear nei [[Skylge]]. Op in dei siet er op fracht nei Skylge te wachtsjen en om de tiid troch de bringen makke er in praatsje yn it kafee. Yn it kafee siet in nuvere man dy't tsjin him begûn te praten. Al gau kaam it praat op roeien, want dat wie Okke syn grutte pasje. De frjemdling bearde dat hy ûnferslaanber wie en ferwachte dat Okke him útdaagje soe foar in wedstryd. Okke hoegde dêr net lang oer nei te tinken en de wedstryd wie in feit.
 
By it ferlitten fan it kafee liet Okke de frjemdling foargean en seach sadwaande dat dy in bokkepoat hie. It wie de [[duvel]]. Okke skrok en prakkesearre hoe't er hjirmei oan moast. Wylst pochte de duvel fierder oer hoe geweldich at er wol net wie en dat Okke dochs gjin kâns hie. Hjir griep Okke yn: dat se fan Harns nei Skylge roeie soenen en hy stelde út dat er in healoere foarsprong krije soe. De duvel betocht him in amerij mar gie akkoardakkoart.
 
Doe't Okke ôfsette, gie er yn in rjochte streek nei Skylge ta. In healoere letter gie de duvel efter him oan, ek yn in rjochte baan. Wat de duvel lykwols fergetten hie, mar Okke net, wie dat it [[tij]] ôfgeand wie. Okke koe noch krekt oer de [[sânbank]]en komme, mar de duvel kaam fêst te sitten. Sa kaam it dat Okke de duvel fersloech, en dat er de bynamme krige fan ''Okke Hel''.
 
== Okke-Hel yn Wûnseradiel ==