Voodoo: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: sk:Vudu
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: cs:Vúdú; tekstwiziging
Rigel 5:
'''Voodoo''' (''vodun'') is in foarm fan [[religy]] dy't syn oarsprong hat yn West-Afrika, mear bepaald yn [[Togo]] en [[Benyn]]. By dizze folken hat him yn de rin fan de ieuwen in wrâldbeskôging ûntwikkele, wêryn [[Religy|leauwe]] yn in [[Skepper (makker)|skepper]], bystien troch [[god|goaden]] en [[goadinne]]n, foarâlden en geasten, fûneminteel is. Fan dêrút is voodoo letter mei de slaven nei oare wrâlddielen ferhuze. Se brochten de voodoo nei lannen as [[Kuba]], [[Haïty]], [[Brazylje]], it [[Karibyske gebiet]] en ek yn [[Suriname]]. Yn Suriname fermong de Afrikaanske voodoo him mei alderlei [[yndianen|yndianerituelen]], wêrút it hjoeddeiske [[winty]] ûntstie.
 
Voodoo is in offisjele godstsjinst yn de steat [[Benyn]] <ref>[http://www.religioustolerance.org/voodoo.htm "VODUN (and related religions)"] op religioustolerance.org, sjoen 17 maaie 2008</ref>. Al kin men him mei in oare godstsjinst ferminge, dochs bliuwt it in op himsels steande religy. By de deistige [[ritueel|rituelen]] wurde foarwerpen brûkt dy't troch wijde persoanen makke binne en allinnich foar dizze doelen brûkt wurde. Sa binne der yn Togo en Benyn noch kleasters dêr't voodoo-folgelingen in beskate perioade yn trochbringe.<br />
Sintraal by de rituelen steane potten, [[kalebas]]sen, skalen en figueren fan [[stienguod]]. Se wurde brûkt om de 'voodoo-krêften' te fieden. Tagelyk binne se ek de tydlike behuzing fan dy krêften. Troch te putten út dit reservoir fan krêften soe de minsk syn libben in geunstige draai jaan kinne, bygelyks troch de geasten yn de foarwerpen geunstich te stimmen.
 
Rigel 34:
[[bs:Vudu]]
[[ca:Vodú]]
[[cs:VoodooVúdú]]
[[da:Voodoo]]
[[de:Voodoo]]