Steile Bank: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: De '''Steile''' Bank is in ûnbegroeide sânplaat fan 7 hektare tusken Aldemardum en De Lemmer yn de Iselmar. De plaat mei omlizzend wetter wurdt troch tûzenen fûugels brûk...
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
IFG
Rigel 1:
De '''Steile''' Bank is in ûnbegroeide sânplaat fan 7 hektare tusken [[Aldemardum]] en [[De Lemmer]] yn de [[Iselmar]]. De plaat mei omlizzend wetter wurdt troch tûzenen fûugels brûkt as foerazjear-, rui- en rêstplak, dit fûgelreservaat hat in oerflak fan 1.846 hektare. It [[natoergebiet]] is yn behear by [[It Fryske Gea]]
 
De Steile Bank leit foar de [[Huitebuersterbûtenpolder]] oer. Troch de lege lizzing rekke dizze plaat net begroeid nei de ôfsluting fan de [[Sudersee]]. Winterdeis binne yn it ûndjippe wetter grutte groepen brildûkers, [[jolling]]s en [[túfein]]en. Guozzen as kolgoes, paugoes en [[wink]] brûke it gebiet as sliepplak, oerdeis sykje se fretten yn de Súdwesthoeke. De winken en [[lytse swan]]nen sykje fretten op de bou yn de [[Noardeastpolder]]. Nei de briedtiid sitte tûzenen ielskolfers te rêsten op de bank.
 
Futen[[hjerringslynder|Hjerringslynders]] en wylde einen en [[grypfûgel]]s brûke de plaat om te ruien en steltrinders as klút, [[wilster]] en [[skries]] sliepe hjir. Fierder fan de kust sitte tusken de [[ielskolfer]]s faak [[ielreager]]s en [[lytse sjouwerman]]nen. Simmerdeis site hjir ferwyldere rôze flamingo's (út finzenskip) en groepkes [[blaustirns]] en [[wytstirns]].
 
{{Boarnen|boarnefernijing=