Gerulf de Aldere: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fw
red
Rigel 2:
 
== Skiednis ==
De Fryske Gerulf wie neffens de Dútske histoarikus [[Hugo Jaekel]] in soan fan greve [[Durk (greve)|Durk]] († [[822]]), dy't yn de tiid fan keizer [[Loadewyk de Fromme]] fazal wie yn [[Frisia]] en de [[FriezenFrisia|Fryske]] goa [[Rjustringen]] bestjoerde. Ek Gerulf krige fan de keizer in greefskip yn lien tawiisd. Hy bestjoerde tusken [[812]] en [[834]] it [[Westergoa]] yn Mid-Fryslân.
 
Al by oanfang fan syn regearingregear hie Loadewyk de Fromme, de troch syn heit ûnderwurpen Friezen by graasje datjinge weromjûn, dat sy by eardere opstannen tsjin de [[Franken]] ferlern hienen. Dizze maatregel makke de keizer by de Fryske befolking populêr, mar ferswakke de posysje fan de Fryske greven. Letter soarge Loadewyk mei syn swakke polityk tsjinoer de Wytsingen dat dizzen in hieltyd wichtiger rol spile koenen yn de Fryske gebieten. Yn 826 romme er in part fan [[Frisia]] yn foar de Deenske troanpretindint [[Harald Klak]] dy't fan dêrút oanfallen útfierde tsjin syn Deenske besibben, de fijannen fan it [[Frankyske Ryk]]. Harald krige [[Rüstringen]] yn lien. Gerulf hat him doe wierskynlik oerhelje litten om de side fan it ferset tsjin de keizer te kiezen.
 
Om [[830]] hinne rekke it Frankyske ryk yn grutte ynterne problemen troch de opposysje fan wichtige Frankyske eallju en de soannen fan de keizer tsjin de keizer sels. Ien fan dizze soannen [[Lotarius]] ferbûn him mei [[Denemarken|Deenske]] ''warlords''. Hy sette de Denen oan om de Fryske kust oan te fallen om op dy wize druk útoefenje te kinnen tsjin syn heit, keizer Loadewyk. De kustferdigening dy't troch de keizer organiseare waard wie net bot súksesfol. Foar in part wie dat in gefolch fan it feit dat de [[Friezen]] min te motivearjen wienen om har te mingen yn it politike gehottefyl fan de Frankyske besetters. De keizer stjoerde strange amtners en greven nei it gebiet fan de Friezen om har wer yn de stringen te krijen.