Oerisel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 23:
Oerisel leit tusken yn it suden en súdwesten [[Gelderlân]], yn it westen [[Flevolân]], yn it noarden [[Fryslân]] en [[Drinte]] en yn it easten [[Dútslân]]. De [[haadstêd]] is [[Swol]]. De grutste stêd is [[Ynskedee]]. Njonken [[Nederlânsk]] wurde yn Oerisel [[Nedersaksysk]]e dialekten sprutsen.
 
[[lânoanmakkerij]] en [[yndustrialisaasje]] foar in ferbettering fan de libbensomstannichheden.
== Skiednis ==
De âldste bewenning fan Oerisel is nei alle gedachten net âlder as it begjin fan de jiertelling. Dat wie dan nog fral yn [[Twinte]] om't de legere parten te sompich wienen om dêr wenje te kinnen. Mei it opkommen fan bettere ôfwetteringtechnyk yn de [[7e ieu]] waard de bewenning fan rest fan Oerisel mooglik. Doe't de [[Karolingen]] hjir oankamen wennen hjir [[Saksen (folk)|Saksen]].
 
Oerisel waard tafoege oan it ryk fan [[Karel de Grutte]], en letter troch [[Hendrik III fan Dútslân]] oan de biskoppen fan [[Utert (stift)]] yn lien dien as it [[Oerstift]]. Mar dit [[lien]] hat, oant it mei alle wrâldske macht fan Utert yn [[1528]] nei [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] oergong, nea sûnder problemen west.
 
Troch hiel de [[Tachtichjierrige Oarloch]] wie Oerisel part fan it striidfjild, en doe't dy foarby wienen kamen yn [[1665]] en [[1672]] de ynfallen fan [[Munster]].
 
Yn de [[Franske tiid]] waard Oerisel fan [[1798]] oant [[1801]] part fan it [[Departemint fan de Alde Isel]]; dêrnei wie it in selsstannich departemint, mar it hie oant [[1805]] al it lânskip Drinte derby. Yn [[1814]] waard it in provinsje fan it [[Keninkryk fan de Nederlannen]]. Earst yn de [[19e ieu]] soargen [[lânoanmakkerij]] en [[yndustrialisaasje]] foar in ferbettering fan de libbensomstannichheden.
 
Yn [[1950]] waard [[Urk]] tafoege oan Oerisel, en yn [[1962]] waard de [[Noardeastpolder]] "tydlik" in gemeente fan Oerisel. Yn [[1986]] waarden beide part fan de nije provinsje Flevolân.