Ferskil tusken ferzjes fan "Sobibór"

red
L (r2.7.1) (Bot - derby: zh:索比布尔集中营)
(red)
Sobibór wie gjin wurkkamp lykas [[Auschwitz]] en [[Majdanek]] dat diels al wiene. It ienige doel wie it útroegjen fan de finzenen. De measten dy't oankamen stoaren noch deselde dei.
 
Neijier [[1943]] ûnstie der in opstân fan 600 wurkfinzenen ûnder lieding fan [[Leon Feldhendler]] en [[Aleksandr Pechersky]], leden fan it ''Sonderkommando''. . Dêrby kamen olvealve [[SS]] offisieren en in stikmannich kampbewakers om. 300 finzenen koene doe ûntkomme, de oaren binne fergast. Om't de kâns dat it kamp geheim bliuwe koe doe in stik lytser wurden wie hawwe de Dútskers it by de grûn om ôf sljochte. It kampterrein waard mei beammen beplante. Utsein it spoar en in perron wie der doe neat fan it kamp oer. Doe't Sobibor simmer [[1944]] befrijd waard troch [[Sovjetuny|Sovjets]] en [[Poalen]], fûnen se noch sa'n 50 Joaden dy't dêr hingjen blean wiene nei harren ûnkommen. Sy hiene harren salang ferskûle of hiene harren oansletten by groepen [[partizanen]].
 
== Keppeling om utens ==
5.542

bewurkings