Klodomer: ferskil tusken ferzjes

22 bytes grutter ,  11 jier lyn
red
No edit summary
(red)
Klodomer beslút twaris de Boergonden oan te fallen. Earst lit er Sigismund mei syn frou en bern fermoardzje en yn in djippe put smite (dêr't hy net mei bedoele de fermoarde kening ta hillige makket) <ref>E. James (1988), "De Franken, side 103''. </ref>. Dan hellet er syn healbroer [[Teuderik I|Teuderik]] oer mei te dwaan oan de nije oanfal op Boergonje. Tegearre falle sy Godomar oan, mar yn de [[slach fan Vézeronce]] wurde sy troch him ferslein en sneuvelet Klodomer.
 
De twa jongere bruorren fan Klodomer, [[Gildebert I|Gildebert]], kening fan [[Parys]] en [[Klotarius I|Klotarius]] of Klotar, kening fan [[Neustrje]] meitsje ferfolgens plannen om Boergonje te oermasterjen, mar omdat [[Teuderik I|Teuderik]] net meidochtmeidwaan wol wurdt de fjildtocht ôfbrutsen en dêrom beslute sy it ryk fan har sneuvele broer ûnder elkoar te ferdielen. Klotarius nimt Klodomer syn widdo ta frou en deadet de âldste twa soannen fan syn broer, de tsien jier âlde Teudoald en Guntar dy't sân jier is. De jongste Klodowald lit er yn libben en lit er opslute yn in kleaster.
 
 
19.977

bewurkings