Glasgow: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat.
Nochris wat
Rigel 27:
'''Glasgow''' is de grutste stêd fan [[Skotlân]] en de tredde nei ynwennertal fan it [[Feriene Keninkryk]]. It sintrum fan '''Glasgow''' leit on de noardkant fan de rivier de [[Clyde]]. Sont de [[Romeinske tiid]] hat dit gebiet al bewenne west. Ut bewarre gegevens docht bliken dat fan de [[12e ieu]] ôf de stêd in gruttere hannelsfunksje krige.
 
Glasgow ûntstie út it [[midsieuwen|midsieuske]] Bisdom Glasgow en de lettere [[Universiteit fan Glasgow]], stifte yn de [[15e ieu]], dy't in sintrum fan belang wurde soe fan de [[Skotske Ferljoching]] yn de [[18e ieu]]. Fan de 18e ieu ôf groeide de stêd út ta ien fan Brittanje's meast wichtige sintrums fan transatlantyske hannel mei Brits Noard-Amearika en Britsk West-Ynje. Under de [[Yndustriële Revolúsje]] waard de stêd mei omkriten ien fan de meast belangrike sintrums fan swiere yndustry, benammen fan [[skipsbou]] en skipfeartbesibbe yndustryen; in protte foar de tiid moderne skippen en ferneamde fartúgen binne dêr boud. Glasgow wie yn it gruteste part fan de [[Fiktoriaanske Tiid|Fiktoriaanske]] - en Edwardiaanske tiid bekend as de Twadde Stêd fan it [[Britske Ryk]]. De yn de omkriten oanwêzige stienkoal- en izerertsfoarrie hat sines dien foar de ekonomyske bloei fan de stêd. Tsjintwurdich sit Glasgow yn de top 20 fan Europeeske finansjele sintrums en húsmanje de measte grutte bedriuwen fan Skotlân dêr.
 
Ein [[19e ieu]] en begjin [[20e ieu]] waakste Glasgow's befolking boppe de ien miljoen en wie it de fjirde stêd nei grutte fan Jeropa, nei Londen, Parys en Berlyn. Yn de jierren 1960 waard in wiidweidige [[stedsfernijing]] trochfierd. In soad minsken ferhuzen doe nei saneamde ''[[new town]]s'' en foarstêden. De grinsoanpassing dy't dêrút fuortkamen soarge foar in leger ynwennertal fan de ''City of Glasgow unitary authority area'', op it heden sa'n 580.690, en 1.199.629 minsken yn it stedsgebiet Grut Glasgow. De befolking fan de hiele [[stêdekloft]]) berint likernôch 2,5 miljoen minsken, sa'n 41% fan de befolking fan Skotlân.
 
== Ferkear en ferfier ==
Glasgow is in ferkearskooppunt fan belang yn Skotlân. De M8 ferbynt de stêd mei de haadstêd [[Edinboarch]]. Fierders binne der snelwegens en oare diken foar trochgeand ferkear nei it noarden fan Skotlân, de Skotse westkust en Ingelân (oer [[Carlisle (Ingelân)|Carlisle]]).
 
Glasgow hat twa sintrale stasjons. De treinen út Ingelân, it suden fan Skotlân en inkelde treinen út Edinboarch komme op it Sintraalstajon Glasgow oan. Stasjon Glasgow Queen Street is der foar treinen nei it noarden en foar de fluchste ferbining nei Edinboarch (fia stasjon Falkirk High). Neist it lokale spoar is der ek de [[metro fan Glasgow]], dy't út ien sirkelline mei 15 stasjons bestiet.
 
[[Glasgow International Airport]] is de lofthaven fan de stêd.
 
 
== Muzikanten en bands út Glasgow ==
[[File:Shipping on the Clyde.jpg|thumb|260px|''Shipping on the Clyde'', Glasgow. Grimshaw 1881]]
[[File:Modernclyde.JPG|thumb|260px|Nijmoadrich Glasgow oan de Clyde, mei it Armadillo.]]
{|
|- valign=top