Proto-Germaansk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Oergermaansk
 
Rigel 22:
== Opsplitsing fan de taalkloften ==
Troch de fragmintaryske oerlevering is de fêststelling fan ’e opsplitsing fan ’e trije Germaanske taalkloften foar in grut part in hypotetyske saak. Oannaam wurdt dat it begjin fan de Germaanske taalkloften gearfoel mei't de Eastgermanen weiteagen út harren stamlannen yn súdlik en eastlik [[Skandinaavje]]. Nei it fuorttsjen fan ’e Eastgermanen hat der nei alle gedachten noch in hoart in Noard- en Westgermaanske ienheidstaal bestien. Op basis fan de fynst fan de [[Gallehus-hoarnen]] út de iere fiifde ieu, wurdt oannaam dat dizze lette foarm fan it Miengermaansk mooglik oant yn ’e fyfde ieu bestie. Op ien fan de hoarnen stiet namentlik: “''ek hlewagastiR holtijaR horna tawido''” (''Ik, HlewagastiR, soan fan Holt, haw de hoarn makke''; de letter ‘R’ stiet foar de efter yn ’e kiel útsprutsen r). Oant no ta is dêr net fan te sizzen of of dit spesifyk Noardgermaansk of Westgermaansk is, al wiist de foarm fan ’e h-rune op it Noardgermaansk. De tekst lit ek sjen dat it Eastgermaansk yn dy tiid al ôfskaat wie: yn it [[Goatysk]] fan dy tiid hie it “''ik hliugasts hulteis haúrn tawida''” west.
 
[[Kategory:Germaanske talen]]