Stellingwerven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 7:
 
Werf of [[Warf]] is in plak wêr rjocht wurdt sprutsen en Stelling besjut bestjoerder en rjochter. Eartiids war Stellingwerf liede troch trije Stellingen. In Stelling is ien út it doarp die wurdt koaisen troch de befolking. De Stellingen waarden elts jier ferfangen en kamen hieltyd út in oar doarp.
 
== Geografy ==
[[Ofbyld:Aekingerzand_(1).jpg|thumb|right|250px|It Aekingersân by [[Appelskea]], jannewaris 2005.]]
[[Ofbyld:Lindevallei nabij De Blesse.JPG|thumb|right|250px|Lindefallei by De [[Blesse]].]]
Geakundich sjoen heart it eastlike part fan de Stellingwerven by de oanswettende gebieten yn it noarden, de [[Fryske Wâlden]]. Nei it westen ta giet it gea stadich oer yn greiden en wetter. It heechste punt fan de Stellingwerven is de [[Bosberch]], justjes súdlik fan [[Appelskea]]. Yn it grinsgebiet tusken Drinte en Fryslân leit et [[Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld]]. Dat park bestiet út bosk, heide en stosânen. Benammen op de stosânen ûntstienen lytse heuvels en dunen. Op guon plakken is de sânlaach 5 meter tsjok. Dat sân waard yn de lêste [[iistiid]] oanfierd. De heidefjilden waarden te yntensyf bebuorke. Dêrtroch begûn it sân te stowen. Om 1850 hinne bedrige de sânstowerij de doarpen en ikers yn 'e omkriten. Om it stosân op te kearen waarden nuddelbeammen plante. Om 1900 hinne waard [[keunstdong]] brûkt by it beboskjen fan it stosân en de heidegrûn. By Appelskea is in besikerssintrum foar it Drintsk-Frysk Wâld delset. De [[Fochtelerfean]] is in natoergebiet yn it easten fan de [[Eaststellingwerf]], krekt noardeastlik fan it Drintsk-Fryske Wâld, op it plak dêr't Fryslân en Drinte byinoar komme. De Fochtelerfean is ien fan de minne en bêst bewarre heechfeangebieten fan [[Nederlân]]. Yn de Fochtelerfean komme sawol de [[ringslang]], as ek de [[njirre]] en de [[glêde slang]] foar. De populaasje glêde slangen is sa grut, dat sûnt 2001 de slangearend wer yn de Fochtelerfean foarkomt. Súdeastlik fan de doarpen [[Munnikebuorren]] en [[Skerpenseel (Fryslân)|Skerpenseel]] leit it natoerreservaat de [[Rottige Meente]]. Et natoergebiet is troch it feangraven yn de 19e en 20e ieu ûntstien. It natoergebiet Rottige Meente is yn it besit fan [[Staatsbosbeheer]]. Noardlik fan de Rottige Meente leit de Brandemar, in leechfeangebiet en sompe dy't ek troch feangraven yn de 19e en 20e ieu ûntstien is. Yn it westen fan Weststellingwerf rint de dyk tusken [[Skoattersyl]] en [[Slikenboarch]] oer de âlde seedyk. Dy seedyk beskerme Weststellingwerf, oant de ynpoldering fan de [[Noardeastpolder]], tsjin de [[Sudersee]].
 
=== Wetter ===
Yn it noarden fan de Stellingwerven streamt de [[Tsjonger]] en beskiedet de noardgrins fan de Stellingwerven. De [[Linde]] rint yn it easten midden troch de Stellingwerven hinne, en foarmt westlik fan [[Blesdike]] de provinsjale grins tusken Fryslân en [[Oerisel]]. Tusken [[De Langelille]] en de Brandemar streamt de Tsjonger troch It Wide, in lytse mar op de grins fan [[Lemsterlân]] en [[Weststellingwerf]]. De [[Linde]] streamt yn it suden troch in oare lytse mar dat ek It Wide neamd wurdt, dy mar leit lykwols op de grins tusken Weststellingwerf en [[Stienwikerlân]]. Petgatten binne te finen yn de Rottige Meente en de Brandemar. De Kanadamar by Appelskea is troch it ôfgraven fan sân ûntstien. In oar marke dat troch sânôfgravings ûntstien is leit súdwestlik fan [[Noardwâlde]], de Spoekeplas. De Spoekeplas is tsjintwurdich in marke fan sa likernôch fiif bunder yn it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld.
 
=== Doarpen ===
Yn Weststellingwerf binne 26 doarpen mei doarpsstatus. Yn Eaststellingwerf binne der 13 doarpen. Fan alle doarpen yn East- en Weststellingwerf hat allinnich [[Aldeberkeap]] in ''beskerme doarpsgesicht''. De grutste plakken yn de Stellingwerven mei mear as 1.000 ynwenners wienen op [[1 jannewaris]] [[2008]] <small>(Bron: CBS)</small>:
<center>
{| class="wikitable"
!'''Fryske namme'''||'''''Stellingwerfske namme'''''||'''''Nederlânske namme'''''||'''Ynwennertal'''
|-
|[[Wolvegea]]||''Wolvege''||''Wolvega''||ALIGN="right"|12.419
|-
|[[Easterwâlde]]||''Oosterwoolde''||''Oosterwolde''||ALIGN="right"|9.836
|-
|[[Appelskea]]||''Appelsche''||''Appelscha''||ALIGN="right"|4.953
|-
|[[Noardwâlde]]||''Noordwoolde''||''Noordwolde''||ALIGN="right"|3.789
|-
|[[Haulerwyk]]||''Haulerwiek''||''Haulerwijk''||ALIGN="right"|3.309
|-
|[[Aldeberkeap]]||''Berkoop''||''Oldeberkoop''||ALIGN="right"|1.550
|-
|[[Donkerbroek]]||''Donkerbroek''||''Donkerbroek''||ALIGN="right"|1.876
|-
|[[Steggerda]]||''Steggerde''||''Steggerda''||ALIGN="right"|1.111
|-
|[[Aldeholtpea]]||''Hooltpae''||''Oldeholtpade''||ALIGN="right"|1.072
|-
|[[Makkingea]]||''Makkinge''||''Makkinga''||ALIGN="right"|1.036
|}
</center>
 
==== Klimaat ====
De Stellingwerven hawwe in matige seeklimaat. It klimaat wurdt beynfloede troch de [[Noardsee]]. Lykwols binne der wol lytse ferskillen tusken it waadgebiet yn it noardwesten fan de provinsje Fryslân en de Stellingwerven yn it súdeasten fan de provinsje. De klimaatgegevens binne fan it KNMI-mjitstasjon yn Ljouwert.
 
{{Tabel waargemiddelden
| lokaasje=de Stellingwerven
| boarne=<ref>[http://www.knmi.nl/klimatologie/normalen1971-2000/per_station/stn270/4-normalen/270_leeuwarden.pdf KNMI: Langjarige gemiddelden, tijdvak 1971 - 2000]</ref><ref>[http://www.knmi.nl/klimatologie/normalen1971-2000/per_station/stn270/5-extremen/270_extremen.pdf KNMI: Langjarige extremen, tijdvak 1971 - 2000]</ref> KNMI: Langjarige gemiddelden en extremen, tijdvak 1971 - 2000
| jan_gem=2.4 | jan_gem_ns=65.6
| feb_gem=2.5 | feb_gem_ns=42.1
| mrt_gem=5.0 | mrt_gem_ns=59.4
| apr_gem=7.4 | apr_gem_ns=38.4
| mei_gem=11.6 | mei_gem_ns=51.4
| jun_gem=14.3 | jun_gem_ns=68.7
| jul_gem=16.4 | jul_gem_ns=64.2
| aug_gem=16.6 | aug_gem_ns=60.2
| sep_gem=13.9 | sep_gem_ns=82.1
| okt_gem=10.1 | okt_gem_ns=78.4
| nov_gem=6.1 | nov_gem_ns=83.7
| dec_gem=3.6 | dec_gem_ns=73.0
| jaar_gem=9.2 | jaar_gem_ns=767.2
| jan_gem_min=-0.2 | jan_gem_max=4.6
| feb_gem_min=-0.4 | feb_gem_max=5.1
| mrt_gem_min=1.6 | mrt_gem_max=8.3
| apr_gem_min=3.2 | apr_gem_max=11.4
| mei_gem_min=6.9 | mei_gem_max=15.9
| jun_gem_min=9.8 | jun_gem_max=18.1
| jul_gem_min=12.2 | jul_gem_max=20.3
| aug_gem_min=12.0 | aug_gem_max=20.8
| sep_gem_min=9.8 | sep_gem_max=17.6
| okt_gem_min=6.6 | okt_gem_max=13.4
| nov_gem_min=3.3 | nov_gem_max=8.7
| dec_gem_min=1.1 | dec_gem_max=5.8
| jaar_gem_min=5.5 | jaar_gem_max=12.5
| jan_a_min=-19.9 | jan_a_max=12.6
| feb_a_min=-16.3 | feb_a_max=14.4
| mrt_a_min=-16.3 | mrt_a_max=20.4
| apr_a_min=-5.9 | apr_a_max=26.0
| mei_a_min=-1.7 | mei_a_max=28.7
| jun_a_min=1.3 | jun_a_max=32.5
| jul_a_min=5.7 | jul_a_max=31.4
| aug_a_min=5.4 | aug_a_max=32.8
| sep_a_min=2.0 | sep_a_max=29.1
| okt_a_min=-6.5 | okt_a_max=23.8
| nov_a_min=-14.2 | nov_a_max=16.4
| dec_a_min=-19.2 | dec_a_max=14.2
| jaar_a_min=-19.9 | jaar_a_max=32.8
}}
 
== Skiednis ==
Line 22 ⟶ 105:
Sûnt de ein fan de [[20e ieu]] wurdt der sjoen nei it wer gearfoegjen fan de Stellingwerven.
 
=== Lânrjocht ===
Yn [[2009]] ûntduts de Fryske wittenskipper [[Oebele Vries]] yn it ryksargyf yn [[Arnhim]] in oant dan ta net bekend ôfskrift fan it ''Lânrjocht fan Stellingwerf''. It soe gean om in oersetting dy't datearre wurdt út de [[15e ieu]] fan in oarspronklik yn it [[Latynsk]] opstelde tekst út de [[14e ieu]]. De tekst kin nije ynformaasje jaan op de midsieuske skiednis fan de Stellingwerven.<ref> [http://www.nieuweooststellingwerver.nl/?n_id=104844&s_id=599 berjocht yn de Nieuwe Oostellingwerver]</ref>
 
== KultuerMienskip ==
==== Befolking ====
Yn it gebiet wurdt, útsein inkele noardlike plakken fan de Stellingwerven, gjin [[Frysk]], mar it [[Stellingwerfsk]] praat. It Stellingwerfsk is in [[Nedersaksysk]] [[dialekt]]. Yn dit dialekt wurdt bygelyks de lange è klank (ae) brûkt.
Binnen de gemeenten East- en Weststellingwerf wenje 51.850 minsken (1 jannewaris 2011). Yn de Stellingwerven wie 3% fan de befolking yn 2010 fan net-westerske komôf. <ref>[http://statline.cbs.nl/StatWeb/publication/?DM=SLNL&PA=70904ned&D1=4,17-20,33,88-104,156-158&D2=1274,1433&D3=3-6&HDR=T&STB=G1,G2&VW=T CBS]</ref> De histoaryske befolkingsûntjouwing fan de Stellingwerven is as folget<ref>[http://www2.tresoar.nl/bs/Inwoners%20Friesland.pdf De sifers fan 1714 o/m 1990 binne fan Tresoar] - de sifers fan 2010 komme fan it CBS: [http://statline.cbs.nl/StatWeb/publication/?DM=SLNL&PA=03759ned&D1=0,3,6,9,12&D2=129-132&D3=619&D4=%28l-1%29-l&VW=T Ooststellingwerf] en [http://statline.cbs.nl/StatWeb/publication/?DM=SLNL&PA=03759ned&D1=0,3,6,9,12&D2=129-132&D3=844&D4=%28l-1%29-l&VW=T Weststellingwerf]</ref>:
<center>
{| class="wikitable"
!colspan="16"|'''Befolkingsûntjouwing fan de Stellingwerven'''
|-
|'''Jier'''||'''1714'''||'''1811'''||'''1870'''||'''1900'''||'''1920'''||'''1950'''||'''1970'''||'''1990'''||'''2010'''
|-
|'''Weststellingwerf'''||3.592||5.428||13.284||15.050||18.563||19.942||21.602||24.398||25.829
|-
|'''Ooststellingwerf'''||1.766||2.884||9.328||9.582||12.884||17.364||19.532||24.799||26.235
|-
|'''Tot. ynwennertal'''||5.358||8.312||22.612||24.632||31.447||37.306||41.134||49.197||52.064
|}
</center>
 
==== Religy ====
Hast de helte fan de ynwenners fan de Stellingwerven is kristlik. De sifers binne fan it CBS, oangeande religy, binne neffens COROP-regio berekkene. Hjirûnder stean de sifers foar de COROP-regio Súdeast-Fryslân fan 2003<ref>[http://statline.cbs.nl/StatWeb/publication/?DM=SLNL&PA=70794NED&D1=a&D2=22&D3=0&VW=T Religie; naar regio; 2000/2002 of 2003] op de webside fan it CBS</ref>:
<center>
{| class="wikitable"
!colspan="16"|'''Religy yn Súdeast-Fryslân'''
|-
|Roomsk-Katolyk||Grifformeard||Nederlânsk Herfoarme||Islam||Net religieus
|-
|<center>9,5 %||<center>15,9 %||<center>14,8 %||<center>1,9 %||<center>52,8 %
|}
</center>
 
==== Taal ====
It gebiet ûnderskiet him fan [[Fryslân]] omdat de minsken dêr fanâlds gjin Frysk praten. De taalfariant fan de Stellingwerven wurdt it [[Stellingwerfsk]] (Oertsjongersk) neamd. De dialekten fan it Stienwikerlân (kop fan Oerisel) en in part fan de Drintske gemeente Westerfjild wurde taalkundich ta it Stellingwerfsk rekkene. It Stellingwerfsk ûnderskiedet him troch it brûken fan it ''ae''-lûd (lange è): it Frysk ''wetter'' is yn it Oertsjongersk ''wetter'' (''Et waeter klaetert in de glaezen dat et zoe daevert''). Der binne aloan minder sprekker fan it Stellingwerfsk. It dialekt moast sawol oan it Nederlânsk as it Frysk priisjaan.
 
Hoefolle it Stellingwerfsk, Frysk en Nederlânsk yn de Stellingwerven praat wurden as thústaal is ûndersocht yn in Quick-Scan fan de provinsje Fryslân yn 2007 en 2011. De resultaten binne sa:
<center>
{| class="wikitable"
!colspan="16"|'''Resultaten Quick-Scan 2007'''
|-
|'''Thústaal'''||'''Weststellingwerf'''||'''Ooststellingwerf'''
|-
|Frysk||18%||41%
|-
|Nederlânsk||53%||47%
|-
|Stellingwerfsk||29%||12%
|}
</center>
<center>
{| class="wikitable"
!colspan="16"|'''Resultaten Quick-Scan 2011'''
|-
|'''Thústaal'''||'''Weststellingwerf'''||'''Ooststellingwerf'''
|-
|Frysk||22%||39%
|-
|Nederlânsk||56%||50%
|-
|Stellingwerfsk||22%||11%
|}
</center>
 
== Kultuer ==
Ek mei kultuer hawwe de Stellingwerven in protte mei de Nedersaksyske kultuer. Sa wurde der om [[Peaske]] hinne in protte [[Peaskefjoer|peaskefjoeren]] oanstutsen yn it gebiet.
 
=== LânskipMusea ===
*Iepenloftmuseum De Heksehoeve yn [[Appelskea]]
Yn it easten fan de Stellingwerven leit it [[Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld]] en yn de kop fan Oerisel is it [[Nasjonaal Park De Weerribben]].
*Itensiedersmuseum De Vleer yn Appelskea
*Museum Oold Ark yn [[Makkingea]]
*Flechtmuseum [[Noardwâlde]]
*Aldheidskeamer Weststellingwerf yn [[Wolvegea]]
 
== Ekonomy ==
Neffens in ûndersyk út [[2006]] lizze de moaiste gebieten fan sawol Fryslân, Drinte as Oerisel yn de Stellingwerven.
[[Ofbyld:A32-heerenveen-leeuwarden-009.jpg|thumb|De A32 by [[It Hearrenfean]], krekt noardlik fan de Stellingwerven, is in wichtige noard-súd ferbining.]]
Wolvegea is it haadplak fan Weststellingwerf. Wolvegea is it sintrale plak yn de Stellingwerven mei in lyts ferskaat oan winkels. It plak is bekend om syn drafsportsintrum en wenbûlevaar. Appelskea is in wichtich plak foar it toerisme. Krekt súdeastlik fan Appelskea leit it attraksjepark Duinen Zathe. Yn it suden en súdwestlik lûk it [[Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld]] in protte toeristen. Yn de Stellingwerven is gjin heger ûnderwiis. Dêrfoar moatte de minsken nei [[Ljouwert]], [[Swol]], [[Meppel]] of [[Grins (stêd)|Grins]]. In oar wichtich plak yn de omkriten is [[Stienwyk]]. Foar in protte minsken binne [[Wolvegea]], [[It Hearrenfean]] en [[Stienwyk]] de wichtichste winkelplakken yn de omkriten.
 
==== Ferkear ====
De wichtichste autodyk dy't de Stellingwerven mei [[It Hearrenfean]] en [[Ljouwert]] yn it noarden en [[Stienwyk]] en [[Swol]] yn it suden ferbynt is de yn de jierren tachtich oanleine fjouwerbaansdyk [[A32]]. It [[spoar fan Swol nei Ljouwert]] rint lykop mei de sneldyk A32. Wolvegea is it iennichste plak yn de Stellingwerven mei in treinstasjon. De N351 is de wichtichste east-west ferbining en rint fan [[Emmeloard]] oer [[De Kúnder], troch [[Wolvegea]], nei [[Easterwâlde]]. Oare belangrike diken binne de N380 en de N381 yn Eaststellingwerf. De Stellingwerven hawwe gjin fleanfjild. Lofthaven Ealde is it koartste by de Stellingwerven, dy lofthaven leit sa likernôch 30 kilometer noardeastlik fan Easterwâlde. In oare fleanfjild is dat fan [[Drachten]], sa likernôch 20 kilometer noardlik fan Easterwâlde. De busferbiningen wurde yn de Stellingwerven dien troch [[Qbuzz]] en [[Connexxion]].
 
== Polityk==
Bestjoerlik omklammet de Stellingwerven de gemeenten [[Eaststellingwerf]] en [[Weststellingwerf]] yn de provinsje Fryslân. It haadplak fan Eaststellingwerf is Easterwâlde en it haadplak fan Weststellingwerf is Wolvegea. Der binne ferskate plannen om de beide gemeenten fusearje te litten.<ref>[http://www.deweekkrant.nl/artikel/2011/maart/18/commissie_stellingwerven_samenvoegen/ Commissie: Stellingwerven samenvoegen] út 'dé Weekkrant Fryslân'</ref> De beide gemeenterieden hawwe 21 sitten. De sitferdieling nei de riedsferkiezings fan 2010 wie sa:
Polityk sjoen wurdt der yn de Stellingwerven trochstrings linkser stimd as gemiddeld yn [[Nederlân]]. Benammen de [[PvdA]] is yn East- en Weststellingwerf machtich. Yn beide gemeentes hat de partij 8 sitten yn de gemeenterie.
<center>
{| class="wikitable"
!colspan="16"|'''Riedssitten'''
|-
|'''Partij'''||'''W'werf'''||'''E'werf'''
|-
|PvdA||6||5
|-
|CDA||4||4
|-
|VVD||5||2
|-
||GroenLinks||3||1
|-
|ChristenUnie||-||1
|-
|D66||-||1
|-
|Ooststellingwerfs Belang||-||7
|-
|Weststellingwerfs Belang||3||-
|-
|SDP||-||-
|-
|'''Mei-inoar'''||'''21'''||'''21'''
|}
</center>
 
Polityk sjoen wurdt der yn de Stellingwerven trochstrings linkser stimd as gemiddeld yn [[Nederlân]]. Der komme inkelde ferneamde PvdA'ers út it gebiet. Bygelyks [[Jeltje van Nieuwenhoven]], fan Noardwâlde en [[Anne Vondeling]], dy't berne is yn Appelskea.
 
== Ferneamde ynwenners==
[[Ofbyld:Peter Stuyvesant.jpg|thumb|150px|Piter Stuyvesant]]
Yn de Stellingwerven binne ferskate ferneamde minsken berne. Oan de iene kant binne it minsken dy't beskiedend west hawwe foar de Stellingwerven sels, oan de oare kant binne it minsken dy't ynternasjonaal ferneamd wurden binne.
 
[[Peter Stuyvesant|Pieter Stuyvesant]] wie direkteur-generaal fan de Nederlânske kolony Nij-Nederlân (it lettere [[New York]]). Yn Wolvegea, Skerpenseel en Pepergea stean monuminten foar Stuyvesant. Hy is mooglik de ferneamdste persoan út de Stellingwerven en is neffens alle wierskyn yn [[Pepergea]] berne. [[Onno Zwier van Haren]] wie in politikus en dichter út it skaai fan de Van Haren's en wie bewenner fan it hûs Lindenoard.
 
[[Johan Veenstra]] is in skriuwer út Wolvegea dy't yn it Stellingwerfsk skriuwt. Hy is skriuwer fan dichtbondels, ferhalen en romans yn it Stellingwerfske dialekt.
 
[[Gerrit de Vries]] út Alderberkeap wie yn 1986 wrâldkampioen wurden mei de 100km ploegetydrit fytsen. [[Monique Knol]] wie ek in ferneamd hurdfytster. Hja hat in gouden en in brûnzen medalje wûn by it frouljushurdfytsen op de [[Olympyske Simmerspullen 1988]].
 
== Keppeling om utens ==
Ek komme der inkele ferneamde PvdA'ers út it gebiet. Bygelyks [[Jeltje van Nieuwenhoven]], fan Noardwâlde en [[Anne Vondeling]], dy't berne is yn Appelskea.
{{CommonsLyts|Category:Weststellingwerf|Weststellingwerf}}
{{CommonsLyts|Category:Ooststellingwerf|Ooststellingwerf}}
*[http://www.stellingwerven.dds.nl/index.php Skiednis fan de Stellingwerven]
*[http://www.stellingwerf-heemkunde.nl/ Webside foar Stellingwerver hiemkunde]
 
{{boarnen|boarnefernijing=