Jetze Doorman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: da:Jetze Doorman
Wikiice (oerlis | bydragen)
oanfolling + Ynfoboks
Rigel 1:
{{Ynfoboks sporter
| namme = Jetze Doorman
| ôfbylding =
| ôfbyldingsbreedte =
| ôfbyldingtekst =
| bynamme =
| bertedatum = [[2 july]] [[1881]]
| berteplak = [[Balk]]
| stjerdatum = [[28 febrewaris]] [[1931]]
| stjerplak = [[Breda]]
| grutte =
| sport = [[Skermje]]</br>[[Moderne Fiifkamp op de Olympyske Simmerspullen|Moderne Fiifkamp]]
| ûnderdiel = Degen - Sabel
| trener =
| 1etitel =
| OS = [[Olympyske Simmerspullen 1912|Stockholm 1912]] - [[Olympyske Simmerspullen 1920|Antwerpen 1920]] - [[Olympyske Simmerspullen 1924|Parys 1924]]
| PS =
| ekstra =
| debút =
| karriêre-ein =
| prestaasjes =
}}
 
'''Jetze Doorman''' ([[Balk]], [[2 july]] [[1881]] – [[Breda]], [[28 febrewaris]] [[1931]]) wie in [[Nederlân]]sk [[skermje|skermer]]. Hy die tusken 1908 en 1924 mei oan fjouwer [[Olympyske Spullen]] en wûn dêrby fjouwer brûnzen medaljes. Yn 1909 waard hy Nederlânsk kampioen Sabel.
 
==Olympyske Spullen ==
Doorman wie in beropsmilitêr. Hy trochrûn de [[Keninklike Militêre Akademy]] en wie efterelkoar twadde-luitenant, earste-luitenant en sûnt 1918 kapitein by de [[artillery]]. Yn 1906 die hy mei oan de offisjeuze [[Olympyske Simmerspullen 1906|Tuskenspullen]] yn [[Atene]]. In jier letter waard hy yn [[Parys]] Europeesk kampioen op de [[Sabel (wapen)|sabel]], ûnder mear troch de [[Frankryk|Frânske]] graaf [[Georges de la Falaise]] en de [[Grikelân|Grykske]] Olympysk kampioen fan 1896 [[Ioannis Georgiadis]] te ferslaan. In 1908 die hy yndividueel én yn teamferbân mei oan de [[Olympyske Simmerspullen 1908|Olympyske Spullen yn Londen]], sûnder in medalje te winnen. Op de Spullen fan [[Olympyske Simmerspullen 1912|1912]], [[Olympyske Simmerspullen 1920|1920]] en [[Olympyske Simmerspullen 1924|1924]] foel hy wol yn de prizen. Yn 1912 wûn hy mei it Nederlânsk team brûns op de ûnderdielen [[degen]] en sabel, yn 1920 en 1924 wûn it team brûns mei de sabel. By de Spullen fan 1920 die er ek noch mei oan it ûnderdiel [[Moderne Fiifkamp op de Olympyske Simmerspullen|Moderne Fiifkamp]].
 
== Reedriden ==
Utsein skermer wie Doorman ek in fertsjinstlik [[reedriden|reedrider]]. Sa die er yn 1912 as wedstriidrider mei oan de [[twadde Alvestêdetocht]]. Doe hat er twa dielnimmers rêden dy't troch it iis sakke wiene, dêrnei moast er sels ferklomme opjaan. Yn 1914, koart foar it útbrekken fan de [[Earste Wrâldkriich]], wie er legere yn in soarte fan fredesmissy yn it ûnôfhinklike [[Albaanje]], dêrby kaam de Nederlânske majoar [[Lodewijk Thomson]] om. Jetze Doorman wie in folle neef fan skout-by-nacht [[Karel Doorman]] en in oerpakesizzer fan generaal-majoar [[J.D. Doorman]].