Jetze Doorman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Wikiice (oerlis | bydragen)
Rigel 25:
 
==Olympyske Spullen ==
Doorman wie in beropsmilitêr. Hy trochrûn de [[Keninklike Militêre Akademy]] en wie efterelkoar twadde-luitenant, earste-luitenant en sûnt 1918 kapitein by de [[artillery]]. Yn 1906 die hy mei oan de offisjeuze [[Olympyske Simmerspullen 1906|Tuskenspullen]] yn [[Atene]]. In jier letter waard hy yn [[Parys]] Europeesk kampioen op de [[Sabel (wapen)|sabel]], ûnder mear troch de [[Frankryk|Frânske]] graaf [[Georges de la Falaise]] en de [[Grikelân|Grykske]] Olympysk kampioen fan 1896 [[Ioannis Georgiadis]] te ferslaan. In 1908 die hy yndividueel én yn teamferbân mei oan de [[Olympyske Simmerspullen 1908|Olympyske Spullen yn Londen]], sûnder in medalje te winnen. Op de Spullen fan [[Olympyske Simmerspullen 1912|1912]], [[Olympyske Simmerspullen 1920|1920]] en [[Olympyske Simmerspullen 1924|1924]] foel hy wol yn de prizen. Yn 1912 wûn hy mei it Nederlânsk team brûns op de ûnderdielen [[degen]] en sabel, yn 1920 en 1924 wûn it team brûns mei de sabel. By de Spullen fan 19201912 die er ek noch mei oan it ûnderdiel [[Moderne Fiifkamp op de Olympyske Simmerspullen|Moderne Fiifkamp]].
 
== Reedriden ==