Rodry de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Werom sette fan ferzje 464833 fan Special:Contributions/212.178.112.222 (Meidogger_oerlis:212.178.112.222)Fandalisme
L Rhodri ----> Rodry
Rigel 1:
[[File:Wales 844-78 (Rhodri the Great).svg|thumb|right|220px|Kaart fan RhodriRodry de Grutte syn ferôveringen (grien)]]
'''RhodriRodry de Grutte''' ([[Welsk]]: '''Rhodri Mawr'''; [[Ingelsk]]: '''Roderick the Great''') (± 820 – 878) wie kening fan Gwynedd fan 844 oant syn dea. Hy wie de earste [[Wales|Welsk]] hearsker dy't 'Grutte' neamd waard, en de earste dy't it bewâld fierde oer it grutste part fan it Wales fan no. Hy wurdt as "Kening fan de Britten" oantsjut yn de ''[[Annalen fan Ulster]].'' Yn lettere geskriften wurdt er ek wol "Kening fan Wales" neamd, mar feitlik hat er nea oer hiel Wales hearske en yn syn tiid waard dy term ek net brûkt om him te beskriuwen.
 
== Stambeam en erfenis ==
As soan fan [[Merfyn Frych]], kening fan [[Keninkryk Gwynedd|Gwynedd]], en [[Nest ferch Cadell]] út de dynasty fan [[Keninkryk Powys|Powys]], wie er erfgenamt fan it Keninkryk Gwynedd nei de dea fan syn heit yn 844.
 
Doe't syn omke fan memmekant [[Cyngen ap Cadell]], hearsker oer Powys, op in [[pelgrimaazje]] nei [[Rome (stêd)|Rome]] yn 855 kaam te ferstjerren, erfde RhodriRodry Powys. Doe't yn 872 Gwgon, hearsker oer [[Seisyllwg]] yn súdlik Wales by in ûngemak fersûpte, foege er dy syn keninkryk by sines troch te boaskjen oan [[Angharad fan Seisyllwg]], Gwgon syn suster en erfgenamt. Sa waard er op freedsume wize hearsker oer it grutste part fan Wales.
 
== Ferset tsjin de Denen ==
RhodriRodry hie te krijen mei oanfallen fan de [[Ingelân|Ingelsken]] en ek hieltyd mear mei dy fan de [[Wytsingen|Denen]], dêr't fan beskreaun stiet dat hja [[Anglesey]] yn 854 plonderen. Yn 856 fersloech RhodriRodry de Denen lykwols dêr't harren lieder [[Gorm]] (ek wol: Horm) by sneuvele.
 
Yn 876 wie der wer in slach tsjin de Noarske ynfallers op Anglesey, wêrnei't RhodriRodry nei [[Ierlân]] flechtsje moast.
 
== Delgong en dea ==
Doe't er in jier letter weromkaam, soe er troch de Ingelsken ûnder [[Alfred de Grutte]] deadien wêze, mar it is net krekt bekend hoe't dat om en ta gien is. Doe't syn soan [[Anarawd ap Rhodri]] in pear jier letter in oerwinning behelle op de [[Mercia|Mersjers]], hjitte dat yn de annalen "God's wraaknimming foar RhodriRodry".
 
== Opfolging ==
RhodriRodry liet rije soannen nei:
 
[[Anarawd ap Rhodri]], syn opfolger, dy't kening fan [[Keninkryk Gwynedd|Gwynedd]] waard;
Rigel 25:
 
==Keppelings om utens==
* [http://www.britainexpress.com/wales/history/rhodri.htm RhodriRodry de Grutte] {{en}}
* [http://www.castlewales.com/rhodri.html Rhodri Mawr - Kening fan Wales] {{en}}