Eppie Dam: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
MeinRei (oerlis | bydragen)
st
Rigel 5:
Yn tsjerklike fermiddens makke er namme as skriuwer fan eigentiidske teksten fan lieten en liturgyën dy't passe yn ferskate perioades fan in tsjerklik jier. Hy skreau lieten tegearre mei Hindrik van der Meer dy't de meldijen komponearre. Foar de Stichting It Fryske Boek skreaun er yn 1989 it boekewikegeskink, de novelle ''De tomaat''. Dat wie it earste boek sûnt jierren dat spesjaal skreaun wie as in boekewikegeskink. Syn berneboeken wolle net moralisearjend wêze. It giet him mear om ferdraachsumheid, oprjochtens en solidariteit. It giet oer ûnderwerpen dy't de bern fan no dwaande hâlde. De bernebibel Woord voor Woord fan Karel Eykman sette Eppie Dam oer yn it Frysk en ferskynde as ''Wurd foar Wurd''.
 
Eppie Dam is in de Fryske literatuer hast de iennichste dy't in bulte oer sport en benammen fuotbal skriuwt. Sa skreau er yn 2001 ''Foppe, portret fan in bysûnder gewoan minske''. Ek skreaunnskreau er in biografy oer [[Abe Lenstra]] en yn 2007 ferskynde it libbensferhaal fan [[Henk Kroes]]. foar ferskate Fryske tydskriften en kranten hat er kollums skreaun. Oer sport, mar ek oer taal, literatuer, ûnderwiis en natoer. 65 fan dy kollums waarden útjûn ûnder de titel ''Damstikken''.