Aebingastate (Ie): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Aebingastate''' of '''Oudt-Fenne sate''' wie in state oan de Humaldawei ûnder Ie, yn de gemeente Dongeradiel. Op it eardere stateterrein stiet in boerderij ...
 
L [[]]
Rigel 1:
'''Aebingastate''' of '''Oudt-Fenne sate''' wie in [[state]] oan de Humaldawei ûnder [[Ie (Dongeradiel)|Ie]], yn de gemeente Dongeradiel. Op it eardere stateterrein stiet in boerderij út [[1805]].
 
It is ûndúdlik wêr't de Humaldastate krekt stien hat. By de beskriuwing fan de states Humalda en Æbinga. Neffens Paul Noomen stie [[Humaldastate]] op it stee noardwest fan it doarp dêr't no in tal wenten stean oan de Humaldawei stiet, en net op it steed wat fierder fan it doarp dêr't no de pleats Æbinga State stiet. De betizing is mooglik ûntstien meidat Humaldastate yn [[1640]] en [[1700]] yn de stim- en [[Floreenkohier|floreenadministraasje]] Æbinghastate neamd wurdt.
 
Æbingastate waard yn it earstoan Oudt Fenne-sate neamd. Dit goed, tichtby Humalda, is tusken 1640 en 1700 eigendom fan de Aebinga fan Humalda's wurden. Yn 1832 lei der noch in brede grêft om de pleats. De hjoeddeiske pleats waard yn 1805 foar it grutste part boud fan ôfbraakmateriaal, wat doe wizânsje wie troch de krapte oan boumaterialen ûnder de [[Frânske tiid|Frânske oerhearsking]].
 
== Bewenners ==