Beurskrach fan 1929: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
nl:
Rigel 1:
[[Ofbyld:Crowd outside nyse.jpg|thumb|210px|''Minskekloft foar it gebou fan de [[New York Stock Exchange]] nei de beurscrash'']]
#REDIRECT [[Beurskrach fan 1929]]
De '''beurskrach''' (of -'''crash''') '''fan 1929''' wie de earste [[beurskrach]] mei wrâldwide katastrofale gefolgen en begûn yn [[New York City|New York]]. Hjirmei folge de [[Grutte Depresje]].
 
== Heechkonjunktuer ==
De wrâld, en benammen de [[Feriene Steaten]], beleefde yn de jieren 20 fan de 20e ieu in [[heechkonjunktuer]]. Hjirtroch gienen de koersen fan oandielen bot omheech, se waarden folle mear wurdich as't reedlik wie. Belizzers wienen poer, de prizen fan de oandielen waarden mnoch mear opjage, dit tsjin alle ekonomyske logika yn.
Yn de simmer fan 1929 begûn dúdlik te wuden dat de ekonomyske syklus op het punt stie yn in spiraal nei ûnderen te reitsjen. In soad bedriuwen fernommen dat de merk fersêde wie en krompen de produksje yn of gienen fallyt.
 
== Swarte Tongersdei ==
Op tongersdei [[24 oktober]] [[1929]] begûnen de oandielekoersen op de [[New York Stock Exchange]] ekstreem te sakjen. Yn de ûntstiene panyk besochten belizzers harren oandielen te ferkeapjen, wêrtroch't de koersen finaal yn elkoar klapten.
 
Troch de krisis koenen in soad lienings net werom betelle wurde wêrtroch't banken fallyt gienen. Dit had in sniebaleffekt ta gefolgen wêrtroch't de minder wurdende ekonomy hurd yn in depresje rekke. Noch ekstra fiede troch de [[deflaasje]] dy't dêrtroch ûntstie en it ynstoarten fan de hannel rekke de hiele wrâld dêrnei yn in leechkonjuktuer.
 
== Dútse krisis ==
In foarbyld fan de katastrofale gefolgen fan de minne ekonomyske situaasje is it feit dat de federale oerheid fan de FS grutte finansjele tekoarten hie. Om te besunigjen waard de finansjele help yn it ramt fan it [[Young-Dawes pakt]] oan [[Dútslân]] stopsetten.
Yn Dútslân ûntstie in ferskuorrende earmoede; dit foarme it klimaat wêryn [[Adolf Hitler]] oan de macht komme koe.
De ekonoom [[Keynes]] hie dizze krisis al foarsein yn syn boek ''The End Of Laisser Faire''.
 
[[Kategory:Ekonomy]]