Steatestavering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Ligatueren: sa earst
Rigel 3:
== Ligatueren ==
Ligatueren (bygelykgs <Æ>), lykas dy yn âldere farianten fan toponimen wol foarkomme, wurde net brûkt. By in letterteken dat, of folsleine nammen dy’t, yn kapitalen skreaun, printe of oanbrocht wurdt, pleatst men eventuele aksinten: ^,¨, ´, ` net. Elk los skreaun elemint fan in namme begjint mei in haadletter.
 
== Staveringswizigings fan 1980 ==
# ''ae'' yn in sletten wurdlid wurdt ''aa''
# ''é'' oan'e ein fan in wurdt is ''ee'' wurden.
# ''ou'' almeast útsprutsen as ''oo'' wurdt ''o'' yn iepen en ''oo'' yn sletten wurdlid.
# ''i'' yn it foarheaksel b''i''- wurdt ''e''
# de oergongsletter ''j'' ferfalt
# ferdûbeling fan it bylûdteken nei in lang lûd ferfalt
# De stomme ''h'' foar ''w'' ferfalt
# ''ou'' foar ''n'' wurdt ''û''
# ''û'' foar ''r'' wurdt ''oe''
# ''u'' wurdt yn'e trije foarbylden ''eu'': geunst, keunst, meunster.
# it efterheaksel -heit wurdt -heid
# ''t'' wurdt ''d'' yn'e fjouwer foarbylden: gebed, gebod, held, geweld
# de ferlytsingsútgong ''-tsje'' nei ''-d'' wurdt -''sje''
# ''ea'' yn great wurdt ''u''
# ow yn nottidsfoarmen fan jaan en dêrfan ôflate wurden wurdt ou
# ''ow'' yn it mulwurd fan jaan wurdt ''û''
# yn de trije foarbylden wurdt ''aw'' no ''â'': sân, nâle, ik ha hân
# z yn ''liz'' en ''siz'' wurdt ''s''
 
== Stavering fan frjemde wurden ==