Arawakken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: cs:Aravakové
Rigel 7:
 
== Suriname ==
Likernôch fiiftûzend jier lyn lutsen Arowakken dy't lâns de [[Orinoko]] libben (Barrankos-kultuer) fan it westen út de [[Guyana]]'s binnen, en ferdreaun de oarspronklike Yndiaanske befolking fan de kuststreek nei de savanne. Sy gongen op in soartemint terpen by de kust lâns wenje, en libben fan lânbou. Om-ende-by 1100 foelen de [[Kariben (folk)|Kariben]] it gebiet binnen en kaam in ein oan de terpenkultuer fan de Arowakken. Sûnt dy tiid libben sy fan stikjes kostgrûn mear yn it binnenlân.
 
Yn [[Suriname]] wennen oan de ein fan [[18e ieu]] sa'n sântichtûzen Arowakken. Tsjintwurdich libje der yn Suriname noch mar trije tûzen, en yn Nederlân om-ende-by 500. De Arowakken, dy't eartiids mei de Kariben de oarspronklike befolking fan [[Suriname]] foarme, binne yn distiid de lytste befolkingskloft yn Suriname. Sy sels nimmen harren ''Lokono'' of ''Lokonon''.