Jant Visser-Bakker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
MeinRei (oerlis | bydragen)
sa
Rigel 1:
'''Jant Bakker''' ( [[Akkrum]], [[12 maaie]] [[1906]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[9 july]] [[1992]] ) wie in [[Frysk]] [[skriuwster]]. Hja groeide op yn Akkrum dêr't har heit in ferverssaak hie. Se hat har bernejierren yn Akkrum letter beskreaun yn it yn 1991 ferskynde boek ''It doarp fan Anne''.
 
Nei har oplieding oan de kweekskoalle op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] krige se in baan oan de iepenbiere legere skoalle fan Wikel. Doe't dy skoalle oardel jier letter kristlik waard, naam se ûntslach. Jant Visser-Bakker hat har letter oansletten by de [[SDAP]]. Omdat der doedestiids yn Fryslân net folle wurk wie by it ûnderwiis, bedarre se yn it Noard-Hollânske Krommenie. Hja skreau stikjes foar bern yn [[Sljucht en Rjucht]] en yn it bernekrantsje fan De Proletarische Vrouw. Se skreau yn it Hollânsk, want Frysk skriuwe hie se noch net yn 'e macht. Omdat se it Frysk skriuwen wol graach better leare woe, besocht se werom te gean nei Fryslân. In pear jier letter krige se in beneaming yn [[Eastermar]], yn 1935, troude se mei Jan Visser. It jonge pear ferhuze nei [[Appelskea]], dêr't se behearders waarden fan de jeugdherberch 'Us Blau Hiem'. Se moasten dêr in pear jier letter wei omdat de Dútsers, sa't se dat letter ris sei, de jeugdherberch 'ynpikten'.