Erich Maria Remarque: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: kk:Ремарк Эрих Мария; tekstwiziging
Rigel 2:
'''Erich Maria Remarque''' (skûlnamme fan '''Erich Paul Remark''') ([[Osnabrück]], [[22 juny]] [[1898]] – [[Locarno (stêd)|Locarno]], [[25 septimber]] [[1970]]) wie ien fan de meast bekende en meast lêzen skriuwers fan [[Dútslân|Dútse]] [[literatuer]] yn de [[20e ieu]]. Remarque syn ferneamde boek ''Im Westen nichts Neues'' wie in oanklacht tsjin de kriich.
 
== Libben en wurk ==
Erich Maria Remarque waard berne yn in arbeidershûshâlding. Hy wie in soan fan Peter Franz Remark (14 juny 1867, Kaiserswerth) en Anna Maria Stallknecht (21 novimber 1871, Katernberg). Mei 16 jier besocht er foar it earst te skriuwen: essays, gedichten, en de oanset ta in roman, dy't er letter ôfmakke en yn 1920 publisearre as ''Die Traumbude''.
 
Mei 18 jier gie Remarque it leger yn. Op [[12 juny]] [[1917]] waard er oerpleatst nei it Westlik front yn Hem-Lenglet. Op 26 juny waard yndield by it 15e Reserve Infantry-rezjimint, 2e Kompanjy fan Rinfuorgebataljon Bethe, en waard stasjonearre tusken [[Torhout]] en [[Houthulst]]. Op 31 july rekke er ferwûne troch skerven oan de lofter skonk, rjochter earm en nekke, en nei in legerhospitaal yn Dútslân brocht, dêr't er de rest fan de kriich trochbrocht.<ref>Remarque Frieden-Schiessen.</ref>
 
Yn 1924 begûn er syn fan Remarque te skriuwen, dat al de familynamme wie oant syn pake it yn de [[19e ieu]] feroare ta Remark. De midsnamme 'Maria' brûkte er sûnt novimber 1922. Hy hie ferskate baantsjes, ûnder oaren wie er bibletekaris, sakeman, learaar, sjoernalist en redakteur. Syn earste betelle wurk wie foar Continental AG, in Dútske bannefabryk. Syn houlik mei de aktrise [[Ilse Jutta Zambona]] yn [[1925]] wie net goed, beide wiene ûntrou. Nei't sy út elkoar wiene, wertrouden se yn 1938.
 
Yn [[1927]] kaam Remarque syn roman ''Station am Horizont'' út yn de foarm fan in fuljeton yn it sportblêd "Sport im Bild" dêr't er doe foar wurke. Earst yn 1998 kaam it yn boekfoarm út. Syn meast bekende wurk, ''Im Westen nichts Neues'' skreau er yn in pear moanne yn 1927, mar Remarque koe net fuortendaliks in útjouwer fine. De roman, pyblisearre yn [[1929]], beskriuwt de grousume ûnderfinings fan Dútske soldaten yn de [[Earste Wrâldkriich]]. Yn de neikommende romans beskriuwe er de wederwarichheden fan de feteranen nei de kriich.
Rigel 17:
Remarque syn folgende roman, ''Drei Kamerade'', bestrykt de jierren fan de [[Weimar Republyk]], fan de hyperynflaasje fan 1923 oant de ein fan dat desinium. Remarque's syn fjirde roman, ''Flotsam'' (Dútsk: ''Liebe deinen Nächsten,''), ferskynde earst oerset yn it Ingelsk, yn in rige yn ''Collier's'' magazine yn 1939; nei redaksje fan Remarque kaam it yn 1941 as boek út, yn it Ingelsk en Dútsk. De roman ''Arch of Triumph'', útbrocht yn 1945 yn Ingelske oersetting en yn 1946 yn it Dútsk as ''Arc de Triomphe'', waard wer in ''bestseller'' dêr't sa'n fiif miljoen fan ferkocht waarden yn de wrâld.
 
Yn 1948 gie Remarque werom nei Switserlân, dêr't er oant de ein fan syn dagen bliuwe soe. Sân jier bleau it stil om Remarque hinne, tusken ''Arch of Triumph'' en syn nij boek, ''The Spark of Life (Der Funke Leben)'', dat yn't Ingelsk en Dútsk ferskynde yn 1952. Doe't er noch mei ''The Spark of Life'' oan'e gong wie, wurke Remarque ek oan in roman titele, ''Zeit zu leben und Zeit zu sterben''. It boek ferskynde earst yn Ingelân (1954) ûnder de net sa sekuer fertaalde titel ''A Time to Love and a Time to Die''. Yn 1958 wie [[Douglas Sirk]] regisseur fan de film ''A Time to Love and a Time to Die'', basearre op Remarque syn roman. Remarque hie in lytse rol as professor yn de film.
 
Yn 1955 skreau Remarque it draaiboek foar de Eastenrykske film ''The Last Act (Der letzte Akt)'', oer Hitler syn lêste dagen yn de [[Führerbunker|bunker]] fan de [[Rykskaneselarij]] yn Berlyn; de film wie basearre op it boek ''Ten Days to Die'' (1950) fan [[Michael Musmanno]]. 1956 folge in toanielstik, ''Die letzte Station'', dat it goed die in Dútslân en op Broadway. ''Die Nacht von Lissabon'' (1962) wie it lêste wurk dat Remarque ôfmakke. Der waarden 900.000 fan ferkocht yn Dútslân, mar dêrbûten foel de ferkeap ek net ôf.
 
Remarque syn houlik mei de [[Hollywood]]aktrise [[Paulette Goddard]] yn 1958 duorre oant syn dea mei 72 jier yn in sikehûs yn Locarno op 25 septimber 1970.<ref>Dictionary of Literary Biography, Volume 56: German Fiction Writers, 1914–1945. A Bruccoli Clark Layman Book. Redaksje James Hardin, Universiteit fan Súd Karolina. The Gale Group, 1987. pp. 222–241.</ref>. Goddard liet $20 miljoen nei oan de Universiteit fan New York (NYU) foar it stiftsjen fan in ynstitút foar Europeeske stúdzjes, dat nei Remarque ferneamd waard. De earste direkteur fan it The Remarque Institute wie professor [[Tony Judt]]. De Erich Maria Remarque Papers hat de Falesbibleteek fan de NYU op'e noed.
 
== Wurk ==
=== Romans ===
* 1920: ''Die Traumbude''
* 1929: ''Im Westen nichts Neues''
Rigel 39:
* 1971: ''Schatten im Paradies'' (postúm)
 
=== Oarwurk ===
* (1931) ''Der Feind''; koarte ferhalen
* (1955) ''Der letzte Akt''; filmtekst
* (1956) ''Die letzte Station''; toanielstik
* (1988) ''Die Heimkehr des Enoch J. Jones''; toanielstik
* (1994) ''Ein militanter Pazifist''; ynterviews en essays
 
== Gallery boeken ==
Rigel 101:
[[ja:エーリッヒ・マリア・レマルク]]
[[ka:ერიხ მარია რემარკი]]
[[kk:Ремарк Эрих Мария]]
[[ko:에리히 마리아 레마르크]]
[[ku:Erich Maria Remarque]]