]]
(NNBW) |
(]]) |
||
Soan fan Pieter Asman en Klaaske van der Ploeg, dy't as jong span ynwenjen giene by de heit fan Jacob, in Dútser fan komôf, dy't as widner in drokke skuonmakkerij hie yn [[Akkrum]]. Jacob ferlear al yn syn earste bernejieren syn mem. It lêzen fan Fryske rymkes ‘[[heiling]]en’ en fan Fryske stikjes yn almanakken, al as sânjierrige, hat beslissend west foar syn libben. De leafde foar syn memmetaal siet djip enoant syn dea hat er Frysk skreaun. Krektas de measte Fryske skriuwers hied er in sober bestean. Earst siet hy op de treeft en hantearre els en piktried, letter waard er skearbaas yn Terherne, dêr't hy in menniste faam krige, Hendrikje Atzes van der Schouw († Warkum 24 jannewaris 1904), mei wa't er op 24 maaie 1857 troude. Ek reizge hy de boeren ôf mei in goud- en sulvermarse en hie in winkeltsje yn tabak en sigaren.
Yn syn frije tiid begûn er te skriuwen yn it Frysk oer it Fryske libben, sketsen fan it skippersbestean en histoarysk-romantyske ferhalen. Ek hied er niget oan it folkslibben da't er dat sels meimakke. Syn measte wurk is te finen yn Fryske tydskriften: [[Fryske húsfreon]], [[Swanneblommen
== Bibliografy ==
|