Stellingwerven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 92:
 
== Skiednis ==
It is net wis wêr’t de earste bewenners fan de Stellingwerven oarspronklik wei kamen. Der is in ferhaal dat se om 840 hinne fan ien fan de bernsbern fan [[Karel de Grutte]] nei de Stellingwerven teagen as flechtlingen út in gebiet súdlik fan [[Hannover]]. Der binne gjin skriftlike stikken fan foar it jier 1000 oerlevere. By [[Oldeholtpade]] is in fûstbile fûn fan sa likernôch 70.000 jier f. Kr. Dy fûstbile is mooglik in bewyske fan [[Neandertaler]]s yn it gebiet.<ref>[http://www.stellingwerf-heemkunde.nl/middeleeuwen/lang%20geleden.htm De vroegste Geschiedenis] fan de webside www.stellingwerf-heemkunde.nl</ref> Sa likernôch 10.000 f.Kr. wennen jagers en sammelders fan de saneamde Tsjongerkultuer yn it gebiet, mar yn dy rite wie der gjin fêste bewenning. Oer de iere midsieuwen is ek net folle bekend. Yn dy tiid wienen de Stellingwerven in ûnderdiel fan it Fryske wengebiet, oant de [[Franken]] yn it jier 734 de Friezen fersleinen yn de [[Slach oan de Boarn]]. Nei de ferdieling fan it [[Frankyske Ryk]] neffens it [[Ferdrach fan Ferdun]] yn 843 waarden de Stellingwerven in ûnderdiel fan it eastlike Frankyske Ryk. Ut it eastlike part fan it âlde Frankeryk ûntstie yn de njoggende ieu it [[Hillige Roomske Ryk]]. Op 26 novimber 944 joech Keizer Otto I fan it Hillige Roomske Riek "et recht van foreest" (it jachtrjocht) yn de Pagus Thriënte oan biskop Balderik fan Utert. Dêrmei kamen de hjoeddeistige Stellingwerven ûnder it bewâld fan it Uterske bisdom. De Pagus Thriënte (it goa Thriënte) omfiemet Drinte en Oerisel, oan de rivier de [[Tsjonger]] ta. Under de biskoppen fan Utert hie it gebiet de namme "Oerstift".
Al 10.000 f. Kr. libben yn dit gebiet jagers en itengarders fan de [[Tsjongerkultuer]], mar der wie doe noch gjin fêste bewenning.
 
It gebiet wie yn heidenske tiden in hillich wâld, en faaks wienen de earste bewenners heidens dy't flechten foar de heiden-ferfolgings troch [[Karel de Grutte]].
 
Yn de [[Frankyske tiid]] waard dit gebiet part fan de [[goa]] [[Thriënte]], dy't nei [[1046]] ûnder it gesach fan de biskoppen fan Utert kaam as it [[Oerstift]], wat [[Drinte]] en [[Oerisel]] omfette, oan de [[Tsjonger]] ta.
 
De [[biskoppen fan Utert]] hienen yn [[Follenhove]] in tsjerke en kastiel, en behearsken fan dêr út it gebiet. Yn de rin fan de tiid makke hieltiten mear gebiet oan de kanten fan de Linde him los fan Follenhove. Yn [[1309]] hiene dizze boeren spul mei Follenhove oer pacht, en sletten se harren oanien foar in oanfal op Follenhove. Sa ûntstie in ûnôfhinklike [[republyk]], de ''Frije Naasje fan de Stellingwerven''. Dizze republyk waard liede troch trije keazen bestjoerders, de ''Stellingen''. Yn it feangebiet fan dy tiid wie fansels rjuchtsprutsen op de hichten, de ''werften''. De ''Stellingwerf'' is dêrmei it rjochtsgebied fan de stellingen.
Line 170 ⟶ 166:
== Kultuer ==
Ek mei kultuer hawwe de Stellingwerven in protte mei de Nedersaksyske kultuer. Sa wurde der om [[Peaske]] hinne in protte [[Peaskefjoer|peaskefjoeren]] oanstutsen yn it gebiet.
 
It âldste skriftlike bewyske fan de namme Stellingwerf is út it jier 1309. Dêrom waard yn 2009 it 700-jierrich bestean fan de Stellingwerven fierd. De griffioen komt sawol op it gemeentewapen fan Weststellingwerf as dy fan Eaststellingwerf foar. In lyksoartich figuer stiet op in segel út de midsieuwen.<ref>[http://www.stellingwarfs.nl/?pagina=info Stellingwarf-info] op de website van de Stellingwarver Schrieversronte</ref> Op in ôfbylding mei de twa gemeentewapens út 1580 binne ek fan sokke figueren te sjen.<ref>[http://www.pylgeralmanak.nl/?pagina_id=193 De Griffioen van de Stellingwerven.]</ref> By it feest foar it 700-jierrich bestean fan de Stellingwerven waard dêrom in aparte flagge makke mei de griffioens fan de beide gemeenten der op.
 
Yn Eaststellingwerf en omkriten wurdt op it mêd fan keunst, kultuer en literatuer in protte wurk ferset troch de ''Stichting Kunstwerf''. Eltse simmer wurdt yn [[Aldeberkeap]] it keunstbarren ''Open Stal'' hâlden dêr't 15 keunstners op ferskillende plakken eksposearje mei harren wurk. Dizze keunstrûte wurdt sûnt 1971 hâlden. In oar grut barren yn de Stellingwerven binne de ''Pinksterlanddagen'', in anargistysk festival yn Appelskea mei politike praatrûnten, gearkomsten, lêzings en workshops.
 
=== Musea ===