Steapelrjocht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Nei't it skynt hawwe wy hjir yn Snits in protte jild mei fertsjinne
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 10 jul 2006 om 15.39

It stapelrjocht, yn it Latyn Jus emporii, is it rjoch dat guon stêden hienen op it keapjen fan alle guod dat troch de stêd kaam. Hjirta moast alle guod foar in pear dagen, de stapeltiid, yn de stêd stapele wurde.

It rjocht is nei gedachten ynsteld troch Karel de Grutte ynsteld, en waard normaliter koft fan keizer. Der binne lykwols ek stêden dy't dat rjocht fan de omlizzende lannen krigen, koft of ôftwongen hawwe. Bygelyks is fan Grins wis dat dy yn 1473 it rjocht by ferdrach mei de Ommelannen krigen hat. It rjocht is ôfskaft troch it Kongres fan Wenen.

Troch it stapelrjoch koe in plak foarby de stêd net konkurearje mei de stêd om't de stêd altiten de earste keap hie. It wie ek net tastien en farje om de stapelstêd hinne; it stapelrjocht gou ek foar ferkear yn de omkriten fan de stêd. At keaplju it stapelrjocht ûntgean woenen koe dat allinnich troch stapeljild te beteljen, dêr't it stapelrjocht mei ôfkoft waard, feitlikens in foarm fan tol. Sa koe guod dat farsk bliuwe moast gau troch de stêd komme, mar fansels waard it dêrtroch al doerder. Stapelrjocht hat dêrmei dúdlik in hinder west foar de ferkeap fan lanbougoud.

In stêd dy stapelrjocht hie, hie almeast ek oerslachrjocht. Tegearre binne dy twa rjochten wol brûkt foar in monopoalje op de ynfier fan fremd guod. Sok guod koe dan mar yn in beheind tal havens ynfierd wurde, dêr't it dan ferkoft wurde moast oan de keaplju fan de stêd dy't it dan mei eigen skippen fierder ferfierden.