Ferskil tusken ferzjes fan "Freeska Landriucht"

L
Bot - derby: stq:Freeska Landriucht; tekstwiziging
(kat)
L (Bot - derby: stq:Freeska Landriucht; tekstwiziging)
[[ImageOfbyld:Freeska Landriucht.jpg|thumb|Earste side fan it Freeska Landriucht]]
It '''Freeska Landriucht''' of de '''Alde Druk''' is it earste boek dat yn 'e Fryske taal (it [[Aldfrysk]]) ferskynd is. Nei alle gedachten is it printen yn in fraterhûs te [[Berltsum]] om [[1480]] hinne. Der binne njoggen eksimplaren bewarre bleaun fan dit boek. [[Tresoar]] hat der in oantal fan yn syn besit. It Freeska Landriucht is in samling rjochtsteksten.
 
Hjir folget in ynhâldsopjefte mei in koarte taljochting. Yn de neikommende list binne Aldfryske wurden kursyf skreaun:
 
# Prolooch: ynlieding op de ynhâldsopjefte (f 0.1r)
# Register: ynhâldsopjefte. N.B.: it fel dêr't de teksten 1. en 2. op stean is mar yn seis fan de njoggen eksimplaren oerlevere (f 0.1v - f 0.2v).
# Wat is rjocht?: kategismus oer de fraach wat rjocht no eins is (f 1r - f 6r).
# Alde Skeltariucht: rjochtsboek mei Aldwestfryske rjochtsbepalings dy 't de taken fan de skelta ('schout') regelje (f 6r - f 22r).
# Sêge fan Karel en Redbad: ferhaal oer hoe't Karel de Grutte de Fryske Kening Redbad ferslacht en hoe't de Friezen fan in Jezusfiguer it rjocht krigen (f 22r - f 23r).
# Magnuskeuren: sân foarrjochten dy't Magnus fan Karel de Grutte krige doe't er mei de Friezen Rome befrijde (f 23r - f 25r).
# Santjin Kêsten: pan-Fryske rjochtstekst (f 25r - f 31 r).
# Prolooch Kêsten en Lânrjochten (f 31r - f 31v).
# Fjouwerentweintich Lânrjochten: pan-Fryske rjochtstekst (f 31v - f 40r).
# Acht ''doemen'': acht bepalings oangeande fâdij, minderjierrigens, pacht en erfrjocht (f 40v - f 42v).
# Seis ''wenden'': gefallen wêryn't net mei in eed frijsward wurde koe (f 42v - f 43r).
# Syndrjocht: algemien Aldwestfrysk geastlik rjocht, op guon plakken besibbe oan it Alde Skeltariucht (f 43v - f 47r; cf. f 47r - f 51v).
# Jongere ''Skeltariucht'' (f 52r - f 61r).
# Willekeuren fan de Fiif Dielen: boetebepalings foar de Fiif Dielen fan Westergoa: Barradiel, Frjentsjerteradiel, Hinnaarderadiel, Baarderadiel, Menameradiel (f 61r - f 63v).
# ''Bireknada Bota'': Aldwestfryske boetebepalings (f 63v - f 71v).
# Ferhanneling oer muntwearden (f 71v - 72v)
# Rudolfsboek: rjochtsboek, net-terjochte taskreaun oan keizer Rudolf (fan Swaben?) (f 73r - f 83r).
# Merkrjocht: regeling oangeande de kompetinsje fan merkerjochters (f 83v - f 84v).
# ''Swarte swengen'': opsomming fan tige slimme fergripen (f 84v - f 85r).
# ''Skaakraaf'': opsomming fan soarten berôvings mei de straffen dy't derby hearre (f 85r - f 86r).
# Willekeuren fan de Opstalsbeam: bepalings foar de yn 1323 fannijs inisjearre Opstalsbeamgearkomste dy't yn prinsipe (mar yn de praktyk net) foar hiel Fryslân gou. It giet hjir om in gearkomste dy't hâlden waard op de tiisdei nei Pinkster by de beam op de 'opstal', in mienskiplike weidgrûn, nei alle gedachten súdwestlik fan Aurich (f 86r - f 87v).
# [[Traktaat fan de Sân seelannen|Traktaat fan de sân seelannen]]: opsomming fan de sân Fryske seelannen (f 87v - f 88r).
 
== Keppeling om utens ==
[[Kategory:Rjochtsskiednis]]
[[Kategory:Fryske literatuer]]
 
[[stq:Freeska Landriucht]]
45.978

bewurkings