Gasunygebou: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wurkleas
Rigel 17:
It organyske gebou hat skjinmaktechnysk sjoen ek neidielen. Omdat net folle ûnderdielen fan it gebou hielendal rjocht steane, kinne der gjin standert skjinmaktechniken tapast wurde. Sa wurdt de treppenkolom ôfskerme mei in tsientallen meters hege skeane glêzen gevel. It is foar glêzewaskers ûnmooglik om mei in gondel lâns de muorre nei ûnderen de gevel skjin te hâlden. Dêrom waarden foar dizze put [[speleology|speleologen]] ynskeakele. Dizze skjinmaktechnyk hat de arbotsjinst ferbean. No wurdt it glês net mear skjinmakke.
 
Yn ferbân mei it skjinhâlden fan de muorren hat arsjitekt [[Ton Alberts]] yn tsjinstelling ta by in earder troch him ûntwurpen gebou yn Amsterdam besletten om skeane muorren glêd te meitsjen, sadat reinwetter ûnbehindere nei ûnderen rinne kinne. By it eardere ûntwerp hat de arsjitekt foar de skeane muorren nammentlik saneamde 'mûzetrepkes' brûkt om in tapsrinnende foarm fan de gevel te realisearjen. Dizze mûzetrepkes fange reinwetter op en hâlde it fêst wêrtroch't de muorren altiten fochtich bliuwe. Dit taastet de duorsumheid fan de gevel oan.
 
== Kontrolekeamer ==