Nazy-Dútslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 5:
flagge = Flag of Germany 1933.svg |
wapen = Reichsadler.svg |
lokaasje = DeutschlandNazi 1939Germany.png |
taal = [[Dútsk]] |
haadstêd = [[Berlyn]] |
Rigel 21:
 
=== Machtsoername ===
[[Ofbyld:Bundesarchiv Bild 183-S38324, Tag von Potsdam, Adolf Hitler, Paul v. Hindenburg.jpg|thumb|Hindenburg en Hitler op de dei fan Potsdam 1933.]]
Op 30 jannewaris 1933 waard [[Adolf Hitler]] fan rykspresidint [[Paul von Hindenburg]] beneamd ta rykskânselier fan de Weimarrepublyk. Nei de beneaming fan Hitler moasten der nije ferkiezings komme foar de [[Ryksdei (Dútslân)|Ryksdei]], dy't 5 maart 1933 keazen wurde soe. De Ryksdeibrân fan 27 febrewaris 1933 brûkten de nazi's foar harren propaganda. De nasjonaal-sosjalisten joegen de kommunisten dêrfan de skuld. De NSDAP krige 44 persint fan de stimmen. Troch it oannimmen fan de wet 'Gleichschaltung der Länder mit dem Reich' (lykskeakeling tusken de dielsteaten en it ryk) moast de KPD syn sitten yn it parlemint opjaan. Dêrmei hie de NSDAP de absolute mearderheid yn it parlemint. Op dyselde wize waard yn de simmer fan 1933 besletten om de SPD út de Ryksdei te setten. Der folgen wetten dy't in ein makken oan de minskerjochten en de skieding fan de machten. De [[Gestapo]] hold tafersjoch op mooglike ynlânske wjerstân.
 
Line 26 ⟶ 27:
 
=== Utwreiding ===
Yn 1933 luts it Dútske Ryk him op oantrunen fan Adolf Hitler werom út it [[Folkebûn]]. De nazi-lieding hie gjin ferlet fan gearwurking. Yn novimber 1937 die Hitler syn minister fan bûtenlânske saken te witten dat hy it Lebensraum-probleem oplosse woe troch it Dútske Ryk út te wreidzjen mei [[Eastenryk]] en [[Tsjechoslowakije]]. Eastenryk wie pas yn 1918 in lân wurden dat ûntstean wie út it [[Eastenryk-Hongarije|Eastenryksk-Hongaarske]] keizerryk. It gearfoegjen fan Dútslân en Eastenryk, de 'grut-Dútske oplossing', wie yn 1871 net slagge en wie neffens de [[Frede fan Versailles]] ferbean. De benaudens foar in sterk Dútslân wie grut. Dochs wienen de minsken sawol yn Dútslân as yn Eastenryk posityf oer in gearfoeging. Dútslân stelde it regear fan Eastenryk in ultimatum. Fuort nei it ferrinnen fan it ultimatum yn maart 1938 marsearren Dútske soldaten troch Eastenryk. It Dútske leger ûnderfûn amper wjerstân fan de befolking. Hja sprieken oer in "Heim ins Reich". Dêrmei wie it earste part fan de útwreiding fan it Ryk dien. Op de [[Konferinsje fan München]] yn septimber 1938 waard tusken Frankryk, it Feriene Keninkryk, Dútslân en Italië praten oer de takomst fan Tsjechoslowakije. Mei it Ferdrach fan München lieten de oanwêzige Europeeske lannen in Dútske besetting fan it [[Sudetelân]] ta. In healjier letter waard de rest fan Tsjechoslowakije ynlive as it Protektoraat Bohemen en MoraavjeMoravië. It Feriene Keninkryk en Frankryk woenen gjin fierdere anneksaasjes fan it Dútske Ryk. De beide lannen joegen in garânsje oan Poalen, foar it gefal dat dat lân oanfallen wurde soe.
 
=== Twadde Wrâldkriich ===
==== Fierdere útwreiding fan it Ryk ====
[[Ofbyld:Second world war europe 1941-1942 map de.png|thumb|left|It Dútske Ryk 1941-1942]]
Mei it Ingelsk-Frânske ultimatum wie it dúdlik dat in Dútske opmars yn Poalen ta in grutte Europeeske kriich liede soe. Dútslân wie dêr net benaud foar, it wie earder in ûnderdiel fan it plan om de striid oan te gean. De Dútske yndustry en de Dútske mienskip wienen ûnder Hitler taret op in oarloch. De nije sneldiken wienen net allinnich foar de sivile befolking, mar ek foar ienheden fan it leger. De Dútske Wehrmacht wie by de tiid en op topsterkte. Hitler betocht in myte om it Dútske folk derfan te oertsjûgjen dat in nije wrâldkriich net te kearen wie. Dútslân soe fjochtsje foar syn bestean. Nei de Dútske ynfal yn Poalen fertelde Hitler yn in taspraak dat Poalske soldaten de Dútske grins oanfallen hienen, en dat dy oanfal in ûnderdiel wie fan in Anglo-Frânsk plan om Dútslân fan de kaart te reagjen.
 
Line 37 ⟶ 39:
 
==== Delgong ====
[[Ofbyld:98-animate.gif|thumb|250px|De ein fan it hakekrús op it ''Reichsparteitagsgelände'' yn [[Neurenberch]].]]
Yn 1943 waard it by de Dútske befolking stadichwei dúdlik dat se rekken hâlde moasten mei in ferlies. It ferlies fan de Slach om Stalingrad wie net it iennichste militêr-strategyske kearpunt yn de Twadde Wrâldkriich. It stie al langer fêst dat Dútslân de oarloch net winne koe, mar foar de befolking wie Stalingrag in psychologyske foarfal. Sawat elke famylje hie in sibbe ferlern yn Stalingrad. Yn febrewaris 1943 hold [[Joseph Goebbels]] syn "Wollt Ihr den totalen Krieg"-rede (wolle jim de folsleine kriich?). Goebbels die dat nei it ferlies fan Stalingrad en militêre tebeksetters yn Noard-Afrika. Hy besocht de Dútsers safier te krijen om te fjochtsjen foar harren 'bestean'. De tanimmende alliearde bombardeminten en de Russyske opmars yn it easten brûkten de nazi's as propaganda. Yn july 1943 waard in grut part fan Hamburch troch in bombardemint fan de alliearden ferneatige. Yn july 1944 oerlibbe Hitler in oanslach fan Dútske offisieren dy't in ein meitsje woenen oan de ferlerne kriich.
 
Line 90 ⟶ 93:
* [[Wúrtemberch]]
[[Ofbyld:NS_administrative_Gliederung_1944.png|thumb|Grutdútske Ryk yn 1944]]
De NSDAP besocht it bestjoer safolle mooglik te sintralisearjen yn Berlyn. Dêrby hearde in nije bestjoerlike yndieling. De bestjoerlike ienheid dy't ûnder it sintrale regear foel wie de 'Ryksgoa'. Oan 'e ein fan 1942 wienen Lúksemboarch en Eastenryk folslein anneksearre troch it Tredde Ryk. Elsas en Lotaringen hearden foar de Earste Wrâldkriich by Dútslân en waarden ek anneksearre. Yn it easten waard it [[Sudetelân]] in ryksgoa. Wat oerbleau fan Tsjechje wie it Protektoraat Bohemen en MoraavjeMoravië. It grutste part fan it hjoeddeiske Poalen waard anneksearre, it eastlike part foel ûnder it 'Generalgouvernement Polen'. De anneksearre gebieten waarden yn Ryksgoäen yndield.
 
Om fierdere anneksaasje mooglik te meitsjen waard it ''Reichskommissariat'' ynfierd. Meiïnoar wienen der fjouwer Reichskommissariaten: