Gasunygebou: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 6:
== Untwerp ==
[[Ofbyld:De Regenboogtrap.jpg|thumb|left|''Reinbôgetreppen'']]
It Gasunygebou is ûntwurpen troch it [[Arsjitektenburo Alberts en Van Huut]] út [[Amsterdam]] en is in goed foarbyld fan [[organyske arsjitektuer]]. By organyske bou binne de minsklike maat en it wolwêzen fan de minsk yn en om it gebou de foarnaamste útgongspunten. De arsjitekten fine dat in minsk eigentlik trije lagen beskermingen hat: hûd, klean en gebou. Fanút ditdat prinsipe is it gebou ûntwurpen. In gebou moat dus like noflik sitte as in hûd, en de brûker moat dêr de harmony mei syn direkte omjouwing fiele.
 
De organyske skaaimerken fan it bouwurk komme ta útdrukking yn foarmen en kleuren, sawol yn it [[ynterieur (terminology)|ynterieur]] as yn it [[eksterieur]], en sels op it [[parkearplak]]. Der binne yn it gebou net folle rjochte hoeken te finen, sa't ek in minsklik lichem gjin rjochte hoeken kent. Alle hoeken yn it gebou hawwe krekt in 'natuerlike skerpte'.
 
It gebou hat in oerflakte fan 45.000 kante meter. Yn de sintrale hal wurde de 18 ferdjippings ferbûn mei in treppenhûs. Op elkeeltse ferdjipping draait de treppenkolom in oantal graden wêrtroch't de top fan de kolom hast 50 graden draaid is. ElkeEltse ferdjipping hat ek in eigen tint krigen wêrtroch't de kolom op in reinbôge liket.
De gongen mei weagjende muorren komekomme allegear út yn de sintrale hallen. Yn dizze hallen binne ek de kofjehoeken. It is de bedoeling dat kollega's net sûnder sjoen te wurden isolearre yn harren keammerkes sitte of troch de gongen bewege.
 
=== Skjinmakproblemen ===
Rigel 17:
It organyske gebou hat skjinmaktechnysk sjoen ek neidielen. Omdat net folle ûnderdielen fan it gebou hielendal rjocht steane, kinne der gjin standert skjinmaktechniken tapast wurde. Sa wurdt de treppenkolom ôfskerme mei in tsientallen meters hege skeane glêzen gevel. It is foar glêzewaskers ûnmooglik om mei in gondel lâns de muorre nei ûnderen de gevel skjin te hâlden. Dêrom waarden foar dizze put [[speleology|speleologen]] ynskeakele. Dizze skjinmaktechnyk hat de arbotsjinst ferbean. No wurdt it glês net mear skjinmakke.
 
Yn ferbân mei it skjinhâlden fan de muorren hat arsjitekt [[Ton Alberts]] yn tsjinstelling ta by in earder troch him ûntwurpen gebou yn Amsterdam besletten om skeane muorren glêd te meitsjen, sadat reinwetter ûnbehindere nei ûnderen rinne kinne. By it eardere ûntwerp hat de arsjitekt foar de skeane muorren nammentlik saneamde 'mûzetrepkes' brûkt om in tapsrinnende foarm fan de gevel te realisearjen. Dizze mûzetrepkes fange reinwetter op en hâlde it fêst wêrtroch't de muorren altiten fochtich bliuwe. DitDat taastet de duorsumheid fan de gevel oan.
 
== Kontrolekeamer ==