Karl Dönitz: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: be-x-old:Карл Дэніц
Rigel 14:
Yn [[1939]] krige er it befel oer de [[U-boot|dúkboaten fan de Dútske marine]]. Dönitz boude de ôfdieling fan de Dútske marine op en waard it effektyfste wapen fan de marine. Hy wie in goede strateech, dy't mei syn ''U-boten'' (dúkboaten) militêr súkses hie tsjin de [[Alliearden|alliearde]] float yn de [[Twadde Wrâldkriich]]. op [[30 jannewaris]] [[1943]] waard hy as opfolger beneamd troch [[Erich Johann Albert Raeder]] ([[1876]]-[[1960]]), dy't oant dan ta befelhawwer wie fan de Dútske marine. Troch Dönitz waarden de dúkboaten aloan mear as strategysk wapen tsjin de alliearden brûkt, mar de alliearden feroaren harren strategy tsjin de U-boaten ek. Yn maaie 1943 wie it kearpunt fan it súkses fan de Dútske U-boaten, dy soene de U-boaten weromlutsen wurde fan de [[Atlantyske Oseaan]]. Syn beide soans stoaren oan board fan in dúkboat.
 
Foardat Hitler himsels op [[30 april]] [[1945]] tekoart die, beneamde er Karl Dönitz yn syn polityk testamint as syn opfolger. Dönitz waard troch Hitler beneamd ta "Reichspräsident" (rykpresidint) en net as Führer omdat der neffens Hitler mar ien Führer wêze koe yn de Dútske skiednis. Dönitz wie tige ferheard doe't er hearde dat hy Hitler opfolgje moast, omdat it yn 'e reden lei dat in oare pommerante Nazi ([[Heinrich Himmler]] bygelyks) de Führer opfolgje soe. Op [[1 maaie]] [[1945]] naam it [[Dönitz-regear]] deunby [[Flensboarch]] de macht oer it [[Tredde Ryk]] oer. Dat regear waard ek wol it Flensboarch regear neamd. Dönitz begûn syn nije amt as presidint mei in taspraak foar de radio, en fertelde dat er it Dútske folk rêde woe fan de bolsjewistyske fijân (de [[Sowjetuny]]) en dat betsjutte dat Dútslân noch gjin belies jaan soe.
 
Hy stjoerde it oanbod om te kaputilearjen nei de Britske fjildmaarskalk [[Bernard Montgomery|Montgomery]], mar woe fierder fjochtsje tsjin de Russen. Lykwols wegere [[Winston Churchill|Churchill]] syn fersyk en foar de alliearden moast Dútslân sûnder betingst kapitealje. De alliearden wienen ree om fierder te gean mei bombardeminten op Dútske stêden, dat Dönitz gie akkoard en op [[7 maaie]] [[1945]] kapitulearre it Tredde Ryk. Op [[9 maaie]] waard dat op 'e nij dien, no mei de Russen derby. Dönitz en syn regear (dêr't û.o. generaal [[Alfred Jodl]] en ''Reichsminister'' [[Albert Speer]] by sieten) waarden net fuort arrestearre.