Franz Liszt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: be:Ферэнц Ліст
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: ar:فرنتس لست; tekstwiziging
Rigel 2:
'''Franz Liszt''' (''Liszt Ferenc(z)'', [[Hongaarsk]], nei 1859 ''Franz Ritter von Liszt'', [[Raiding]], [[22 oktober]] [[1811]] – [[Bayreuth (stêd)|Bayreuth]], [[31 july]] [[1886]]) wie in Hongaarsk [[komponist]] en [[pianist|pianofirtuoas]] en jildt as ien fan de grutste pianofirtuoazen fan alle tiden. Teffens wie er in foaroansteand en súksesfol muzykpedagooch, myzykherfoarmer en -fernijer; it [[symfonysk gedicht]] en it pianorecital wurde oan him taskreaun. Franz Liszt syn libben en wurk spile him fral yn [[Wenen]] en [[Parys]] ôf; syn lettere libben tusken[[Weimar]], dêr't er hofkapelmaster wie, [[Boedapest]] en [[Rome (stêd)|Rome]], dêr't er ek de legere prysterwijing krige. Hy waard altyd oansprutsen mei "[[abbé]]" (heit), hoewol't syn wijing him dêr gjin rjocht op joech.
 
== Wûnderbern ==
Franz Liszt waard berne oan it hof fan prins [[Nicolaas II Esterházy]] in [[Raiding]] (Hongaarsk: ''Doborján''), yn it doetiidske [[Keninkryk Hongarije (1700-1919)|Keninkryk Hongarije]] (no [[Burgenland]] yn [[Eastenryk]]) en dêr op 23 oktober doopt. Syn heit Ádám Liszt, út in Dútsk laach, wie rentmaster by Esterázy en mem wie Maria Anna Lager.<ref>Taylor (1986), pp. 1-3. Der is in soad striderij west oer de fraach oft Liszt út in Dúts laach of in aadlik Hongaarsk laach kaam. Genealogysk ûndersyk hat útwiisd dat de famylje Liszt (Dútsk: List) ôfstammet fan in laach fan Dútske lânbouwers en ambachtslju yn tsjinst fan de [[Esterházy|Esterházy's]].</ref> Thús waard [[Dútsk]] sprutsen, sels spriek er leafst Frânsk.
 
Al mei seis jier die syn grutte muzikale bejeftigens bliken; hy krige doe muzykûnderjocht fan syn heit. Yn in jier koe er muzyk lêze én skriuwe. Mei njoggen jier joech er syn earste konsert yn [[Sopron]]. Fuort dêrnei naam Ádám him mei nei it Esterházy-paleis yn [[Eisenstadt]] (Hongaarsk: ''Kismárton''), om in twadde konsert te organisearjen foar prins Nicolaas II Esterházy. Letter yn’t jier folge in konsert foar Hongaarske ealju yn Pressburg. Beide wiene tige slagge en Ádám berikt dêrmei wat er yn de holle hie: fan de Hongaarske eallju krige de jonge Franz in stúdzjebeurs sadat er by in musikus fan namme fierder stúdearje koe.<ref>Taylor (1986), pp. 3-8.</ref>
 
It waard [[Carl Czerny]] yn Wenen, in foaroansteand komponist en learling fan [[Ludwig van Beethoven|Beethoven]], dy’t it in ear fûn en de jonge Franz wol fergees les jaan woe. Dit die heit Ádám besluten om syn wurk oer te jaan en him folslein ta te lizzen op de muzikale ûntjouwing fan syn soan. Liszt hat doe noch in skoftke ûnderrjocht yn komposysje hân fan [[Antonio Salieri]]. Ien fan syn lêste konserten yn Wenen wie in solo-recital op 13 april 1823 dêr’t ek [[Ludwig van Beethoven]] foar útnoege wie. It skynt dat dy bot ûnder de yndruk fan Liszt wie, hoewol’t er doe al dôf wie.
 
== Yn Parys ==
Rigel 15:
Yn syn Paryske jierren makke er ek, ûnder tafersjoch fan syn heit, in stikmannich reizen nei [[Ingelân]], dêr’t er rillegau in ferneamd pianist waard. In hichtepunt wie syn recital foar [[kening George IV]] yn it [[Carlton House]]. Ek yn die tiid die bliken dat Liszt in master yn it transponearjen wie. Eltsenien wie ferbjustere dat er muzykstikken, al lêzend fan papier, sûnder in protte muoite dwaan te hoegen nei in oare toanaard oersette (bygelyks fan C nei Cis). <ref>Taylor (1986), pp. 10-12.</ref> Teffens koe er sûnder foarstúdzje yngewikkelde muzykstikken sa fan it papier ôf útfiere.
 
== Pelgrimaazje (1835–1843) en Weimar (1843-1861) ==
[[FileOfbyld:Liszt at the Piano.JPG|thumb|350px|''Franz Liszt ymprovisearret op de Piano'' (1840), fan [[Josef Danhauser|Danhauser]]. It optocht selskip bestiet út, sittend [[Alfred de Musset]] of [[Alexandre Dumas, père]], [[George Sand]], Franz Liszt, [[Marie d'Agoult]]; steand [[Hector Berlioz]] of [[Victor Hugo]], [[Niccolò Paganini]], [[Gioachino Rossini]]; in búste fan [[Ludwig van Beethoven|Beethoven]] op de piano (in "Graf"), in portret [[Lord Byron]] oan de muorre, in stânbyld fan [[Jeanne d'Arc]] lofts.<ref>[http://books.google.com.au/books?id=wQ8d0S8BkEsC&pg=PA83 ''After the golden age: romantic pianism and modern performance''] by Kenneth Hamilton, p.&nbsp;83, [[Oxford University Press]] 2008, ISBN 9780195178265978-0-19-517826-5</ref><ref>[http://www.mozartpiano.com/articles/liszt.php "Liszt at the Piano"] by Edward Swenson, June 2006</ref><ref>[http://bpkgate.picturemaxx.com/preview.php?IMGID=00009759 ''Franz Liszt, am Flügel phantasierend''] by Stiftung Preußischer Kulturbesitz]]</ref>
 
Op 28 augustus 1827 kaam syn heit oan de gefolgen fan [[búktyfus]] te ferstjerren. Liszt wie doe 16 jier en finânsjeel al selstannich. Troch de dea fan heit en dêr oerhinne noch in mislearre ferhâlding mei ien fan syn learlingen, Caroline de Saint-Cricq – bûten harren skuld om – rekke er depressyf en ferlear alle nocht oan de muzyk. Neist dy [[senuwynsinking]] waard er slim siik, mar waard wer better.<ref>Taylor (1986), pp. 17-19</ref> Yn dizze snuorje rekket Liszt yn de ban fan de literatuer, wat in grutte boarne fan ynspiraasje foar him wurde soe (en ek foar neikommende generaasjes komponisten). Teffens ferdjippe er him yngeand yn religy (wat yn 1865 ta syn prysterwijing late). It iennige wat er yn dy tiid komponearre hat, is de ''Grande Fantaisie sur la Tyrolienne'' (1829), in transkripsje fan [[Daniel-François-Esprit Auber|Auber]] syn opera "La Fiancée", dy't opdroegen waard oan Chopin.<ref>Taylor (1986), pp. 17-20.</ref><br />
 
By it útbrekken fan de (Frânske) [[Julyrevolúsje|Revolúsje fan 1830]] kaam de omkear - hy joech him alhiel wer oan de muzyk, as wie er wekker skodde troch it kanonnebulderjen. Boppedat sette de rovolúsje him oan it tinken oer it (destiidske) [[sosjalisme]]. Tusken 1830 en 1832 kaam er yn de kunde mei de grutte nammen út it muzyklibben út dy tiid: Rossini, Bellini, Meyerbeer, Paganini en letter [[Hector Berlioz]], [[Frédéric Chopin]], dy't grutte ynfloed op Liszt as musikus (op poëtysk, lyrysk en firtuoas mêd) hân hawwe. Dêrneist moete er skriuwers, filosofen en oare yntellektuëlen, sa as [[Victor Hugo]] en [[George Sand]].
 
[[Ofbyld:Marie d'Agoult.jpg|thumb|200px|left|Marie d'Agoult, yn 1843 (Parys, Musée Carnavalet)]]
Fan [[1833]] oant [[1844]] hie Liszt in ''liaison'' mei de skriuwster [[Marie Catherine Sophie de Flavigny]], grevinne d’Agoult - better bekend ûnder har [[pseudonym]] ''"Daniel Stern"''. Om it skandaal út de wei te gean flechten sy nei Genêve. Sy krigen twa dochters, Blandine en Cosima, en in doan, Daniël dy’t al jong stoar. Dochter Blandine, troude letter yn in foarneam Frânsk laach; dochter [[Cosima Liszt|Cosima]] (1837-1930) troude yn 1857 mei [[Hans von Bülow]] en yn 1870 mei [[Richard Wagner]]. Neist leafde betsjutte dy relaasje foar Liszt ek finansjele wissichheid en in fêst ferbliuwplak. Ek Marie Catharina har protte kunde sil Liszt wol fertuten dien hawwe. De relaasje einige yn 1844, ûnder oaren omdat Liszt in soad fan hûs wie en omdat er it flirten mei oare froulju net litte koe. Yn dizze perioade skreau er syn ferneamde [[Études d'Exécution Transcendante]], [[Grandes Etudes de Paganini]] en twa fan de trije suites [[Années de Pèlerinage]] en spile er op sawat alle grutte konsertpoadiums fan Europa. Hy krige de iene nei de oare ûnderskieding en fertsjinne in slompe jild, noch mar goed 30 jier âld.
 
Yn [[1847]] krige er by in konsertreis yn [[Ruslân]] kunde oan foarstinne Carolyne zu [[Sayn und Wittgenstein|Sayn-Wittgenstein]] (1819 - Rome, 1890). In houlik koe it net wurde, omdat de [[Roomsk-katolike Tsjerke|katolike tsjerke]] it ûntbinen fan it houlik tusken prinses Carolyne en har man, prins Nicholas zu [[Sayn und Wittgenstein|Sayn-Wittgenstein]] ferbea. Sy hawwe oant yn 1860 besocht om ta in houlik te kommen, mar koene lang om let allinne freonen bliuwe. Yn 1848 festiget er him yn [[Weimar]], dêr’t er al yn 1842 as dirigint (''Hofkapelmeister in ausserordentlichen Diensten'') oantsteld wie; Carolyne folge him dêrhinne.
Rigel 34:
 
== Wurk ==
=== Komponist ===
De measte fan Liszts komposysjes binne wreed ferneamd fanwege de hege technyske easken dy't oan de pianist steld wurde. By syn meast bekende wurk heare de "Hongaarske [[Rapsody|rapsodiën]]" (S.244), de [[Transindentale Etúdes]] (S.139), de "Faust-symfony" (S.108), de Pianosonate in b mineur (S.178), de [[Dante Sonate]] (S.158) en de "[[Années de Pèlerinage]]" (S.160 t/m 163). Fan de measte symfonyske wurken binne mear as ien ferzjes ''fassungen''); yn de konsertpraktyk wurdt meast de lêste ferzje brûkt.
 
Rigel 54:
Foar in folsleine list fan Liszt syn wurk, sjoch it artikel op de Nederlânsktalige Wikipedia: [http://nl.wikipedia.org/wiki/Oeuvre_van_Franz_Liszt]
 
=== Muzykpedagooch ===
It gratis ûnderwiis fan Czerny is Liszt altyd tankber foar bleaun. As learaar en persoan har er sels ek altyd royaal en ûnbaatsuchtich west. De measte fan de goed 400 learlingen dy’t Liszt hân hat, hawwe fergees les fan him hân. Under syn foarneamste learlingen wienen: [[Eugen d’Albert]], [[Hans von Bülow]], Miss Drawing, [[Arthur Friedheim]], [[Carl Heyman]], [[Wladimir von Pachmann]], [[Joseph Pembauer]], [[Joachim Raff]], [[Camille Saint-Saëns]], [[Aleksander Siloti]], [[Karl Tausig]] , [[Johan Weiss]] en noch folle mear bekende nammen. Al dy lju waarden sels letter goede pedagogen of komponisten en waarden ferneamde konsertpianisten.
 
=== Skriuwer ===
Liszt syn literêre wurk is sammele yn seis mânske bondels. Dêr sit ûnder oaren in biografy fan Chopin by, in referaat dêr't wol striderij oer west hat, 'Sigeuners en har muzyk yn Hongarije', oantinkens oan Wagner en in soad korrespondinsje.
[[Ofbyld:4AgesOfLisztSmall.jpg|thumb|right|350px|Fjouwer portretten fan Franz Liszt.<br />
Rigel 80:
 
[[an:Franz Liszt]]
[[ar:فرنتس لست]]
[[be:Ферэнц Ліст]]
[[be-x-old:Фэрэнц Ліст]]