Burmaniahûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
yw
L [[]]
Rigel 1:
It '''Burmaniahûs''' of '''Catershûs''' is in [[state]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. De state is eigendom fan de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]].
 
De [[stins]] is yn de [[15e ieu]] of earder ûntstien. De famylje Burmania stamt ôf fan in trettjindeieuske pastoar fan de Sint Vitusytsjerke fan [[Aldehou]]. By de stins hearden grutte stikken grûn op de Aldehousterterp. Meidat de famylje ôfstammet fan in pastoar, hienen se lange tiid it 'jus patronatus': it beneamingsrjocht fan preesters fan de Sint Vitustsjerke.
Yn de [[16e ieu]] is Rienck fan Burmania, drost fan Coevorden, eigener fan de stins en hy beslút om 1555 dizze ferbouwe te litten. Rienck hat in broer Joast, dy't troud wie mei Baef Caters, nei wa't it hûs ek wol Catershûs neamd waard.
 
It hûs bliuwt oant 1679 yn besit fan de famylje Burmania, om dêrnei te fererven op de famyljes Sirtema fan Grovestins, Aebinga fan Humalda en Eysinga. Yn 1871 erfde jonkfrou Clara Tjallinga Aedonia fan Eysinga it hûs. Hja liet it yn de mande mei har man [[Bernhardus Hopperus Buma]] ôfbrekke en hielendal opnij wer opbouwe.
Dit pear hie jild genôch om dit te beteljen. Se wiernenwienen ek eigener fan Nijenburch yn Kollum, dêr't se yn de tiid fan de bou fan it nije hûs wennen en [[Sminiastate]] te Wommels. Yn deselde tiid lieten se ek noch inde filla ''Vaartzicht'' bouwe oan de [[Potmarge]] yn Ljouwert-HuiumHuzum.
 
Yn 1912 einiget de partikuliere bewenning fan it Burmaniahûs, trochdat it kocht waard troch de Algemeene Friesche Levensverzekering Maatschappij, tsjintwurdich AEGON, dy't it Burmaniahûs-kompleks mei kantoarfleugels ein jierren 80 fan de foarrige ieu ferkocht oan de gemeente Ljouwert.