Boltastate (Eanjum): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: thumb|''Boltastate yn 2010'' '''Boltastate''' wie in state dy't stie oan de Boltawei 2 yn Eanjum, gemeente Dongeradiel. Op it stateterrein ...
 
L [[]]
Rigel 4:
Meardere sates en states yn de Dongeradelen droegen de namme Bolta; ek persoanen mei de famyljenamme Bolta komme faker foar. Sa wurdt der goed Bolta yn Holwert, Eanjum en Moarre neamd, en famylje yn Holwert (letter Eysinga neamd) en yn Moarre. Soms lykje der ferbannen tusken de ferskate huzen en persoanen te wêzen, mar de krekte aard fan dy relaasjes bliuwt ûndúdlik.
 
Fan meardere haadlingen mei grûnbesittings yn Eanjum kinne foarâlden mei de namme Bolta oanwiisd wurde. Sa wie de tichtby Bolta lizzende Rodmersma sate yn 1511 mienskiplik eigendom fan de Appingedamster haadling Snelger Houwerda, mei in mem N.N. Bolta, en fan Wilke Holdinga mei in mem Liupk Syurdsdr Bolta út Moarre. It is opmerklik dat Snelger Houwerda ek yn it oan Eanjum en Moarre grinzjende [[Ljussens]] grûn hienen yn de mande mei Bolta-erfgenamten: nammentlik mei [[Focke fan Ropta|"Focke Ropta erven"]], dy't in mem Bolta (alias Eysinga) hiene en dus ta de neisieten fan de Bolta's fan Holwert hearden. De presize (eventuele) relaasje tusken al dizze Bolta's - te Holwert, Beits Bolta, Bolta boaske mei Houwerda, Bolta te Moarre en lettere Bolta's yn Moarre is lykwols ûndúdlik.
 
Bolta te Eanjum wie yn [[1511]] 83 [[pûnsmiet]] grut. Bewenner wie doe Jwka Bouta, dy't syn namme óf troch it goed krige, óf in (ferearme) sib wie, want eigeners wienen Syurt Aebingha en Frouck Heemstra. Omdat Syurt de pakesizzer wie fan Beits Bolta en (âlde) Syurd Aebingha, en omdat Frouck (Riemersma, widdo fan Syds) Heemstra de skoandochter fan Beits Bolta út har (twadde) houlik mei Schelto Scheltema wie, liket dizze sate dus ôfkomstich west te hawwen fan Beits Bolta. Beits Bolta, dy't yn de twadde helte fan de [[15e ieu]] libbe, kin net yn in filiaasje mei oare Bolta's setten wurde.