Teodoarik II: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fix bg interwiki
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
 
=== Unfreon mei de Romeinen ===
Neidat Keizer Avitus yn [[456]] ôfsetten waard troch de oerbefelhawwer fan it Romeinske leger, de Germaan [[Risimer]], begûn Diderik stadichoan it Romeinsk gesach tsjin te wurkjen. Nei de ekspedysjes yn Spanje hiedhie er dêr al koloanjes mei soldaten efter litten, saneamd om de rust te hanthavenjen, mar yn it echt wie it in besettingsmacht. De nije keizer [[Majorianus]] pikte dat net en twong Diderik II yn [[460]] om op 'e nij it Romeinsk te erkennen. De krigele Majorianus sette in fjildtocht tsjin de [[Fandalen]] útein wêrdêr't ek de Fisigoaten twongen waarden oan mei te dwaan. DizzeDy fjildtocht ferrûn lykwols jammerdearlik, de Romeinen waarden ferslein en dat soe grutte gefolgen hawwe.
 
Yn Itaalje kaam it Romeinske leger ûnder generaal Risimer yn opstân en sette keizer Majorianus oan de kant. [[Libius Severus]], in strieman fan Risimer waard ta nije keizer beneamd. It Romeinske leger yn [[Galje]] ûnder generaal [[Aegidius]] wie hjir poer op tsjin en makke him op om Itaalje binnen te fallen. Dat konflikt paste prima yn Diderik syn plannen him fierders te ûntdwaan fan it Romeinske gesach. Yn ruil foar de havenstêd [[Narbonne]] en omjouwing keas er de side fan Risimer. Dêrmei krigen de FisifoatenFisigoaten in iepen ferbining mei de [[Middellânske See]]. Tegearre mei de [[Boergonden]] waard generaal Aegidius it paad nei Itaalje ôfsnien.
 
In oar plan fan Diderik om it Fisigoatysk gebiet fierder ten noarden fanbenoarden de [[Loire]] út te wreidzjen, mislearre ek. Yn 463 loek er oan it haad fan syn leger op tsjin it Romeinske leger ûnder Aegidius, dy't in eigen [[Gallo-Romeinske ryk]] stifte hie yn Noard-Galje. By [[Slach by Orleans|Orleans]] liede Diderik in swiere nederlaach en joech as gefolch dêrfan fierdere pogingen op. Yn [[466]] stoar Diderik II en waard opfolge troch syn broer [[Eurik]].
 
== Boarnen ==