Luchtkessenreau: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Aliter (oerlis | bydragen)
L Bewurkings fan "81.204.185.97" (oerlis) tebekset ta de ferzje fan "RobotQuistnix".
Rigel 4:
It luchtkessenreau is yn [[1959]] útfûn troch [[Christopher Cockerell]]. It hat in ''rok'' dy't fan de kanten ôfhinget, en in motor dy't lucht fan boppe ûnder de rok blaast. Sa bliuwt de luchtdruk ûnder it luchtkessenreau heech genôch om it in pear sentimeter boppe de grûn of it wetter sweevje te litten. Dertroch hat it luchtkessenreau gjin wriuwing fan it oerflak, it giet net troch it wetter as in skip, en it hat gjin rolwjerstân sa't tsjillen dy hawwe. Sadwaande kin in luchtkessenreau tige fluch foarútkomme.
 
Grutte luchtkessenreauwen wurde meast brûkt as fartúch. Neffens in skip is in luchtkessenreau dúdlik flugger. Om't it net troch it wetter giet kin it ek gewoan by it strân op komme; der is gjin ferlet fan in haven mei genôch djipgong en in kade. It foardiel fan it skip is dat it tochtroch de kyl stabiel holden wurdt; it luchtkessenreau ferweget mei de wyn en de weagen, dat de minsken wurde earder seesiik.
 
Yn [[Frankryk]] hat der yn de sechtiger jierren in proef west mei in [[luchtkessentrein]], in luchtkessenreau mei in stjoerralje.