Raerd: ferskil tusken ferzjes

190 bytes grutter ,  10 jier lyn
kepp. derby
(→‎Ferskaat: update)
(kepp. derby)
* Raerd leit ek oan de westrûte fan it [[Jabikspaad]].
* It doarp is ek de thúshaven fan it [[IFKS]]-[[skûtsje]] de [[Raerder Roek]].
* De herfoarme tsjerke is fan [[1814]]. Hjirby stiet in rjochthoekige tinkstien as neitins oan yn de gemeente omkomde fersetstriders. It monumint waard ûnthuld op [[4 maaie]] [[1957]]. Hjirop steane de nammen fan alve fersetsstriders, wêrûnder [[Chris Tinkelenberg]]. In grutte ferrassing by de restauraasje fan de tsjerke yn desimber 2009 wie de ûntdekking fan njoggen grêfstiennen ûnder de flier. Der is altyd tocht dat de stiennen yn 1908 út tsjerke helle wiene. Yn stikken binne se weromfûn. Yn 2009-10 binne de tsjerke en de grêfstiennen restaurearre. De grêfstiennen lizze no wer yn de flier, lykas hûndert jier lyn. (Sjoch keppeling om utens)
* By de restauraasje waard in wierskynlik [[8e ieu]]sk brûnzen ornamint mei in ôfbyld fan [[Jezus Kristus|Kristuskop]] yn in krús fûn. At de datearring doocht giet it om de âldste kristlike foarstelling yn Noard Nederlân.
 
== Mienskip ==
== Keppeling om utens ==
* [http://www.raerd.com/ Webstee Raerd]
* [http://www.ruimgeloven.nl/index.php?option=com_content&view=article&id=100&Itemid=125 Wiidweidich restauraasjedeiboek mei in protte foto's op ruimgeloven.nl].
 
{{Koördinaten|53_5_53_N_5_45_33_E_type:city_zoom:14_region:NL|53° 6' NB, 5° 46' EL}}