Minne Simens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 4:
 
==Libbensrin==
Menno Simons waard berne te [[Wytmarsum]]. Syn krekte bertedatum is net bekend, lykas der oer syn jongesjierren ek gjin ynformaasje bewarre bleaun is. Hy waard yn [[1524]] yn it Aartsbisdom Utert ta pryster wijewijd en nei syn oplieding wie [[Penjum]] syn earste parochy.
 
Al yn syn begjinjierren as pryster hie Menno Simons twifels oer de wize, dêrhoe't de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Katolike tsjerke]] op omgie mei de [[sakraminten]]. Doe't er hearde dat [[Sicke Frearks]] op [[20 maart]] [[1531]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] eksekutearre waard, omdat er him op 'e nij dope litten hie, naam dy twifel allinne noch mar ta. Hy sympatisearre earstoan mei [[Maarten Luther]], dêrnei waard hy mear oanlutsen troch de ideeën fan [[Huldrych Zwingli]] en om-ende-by [[1531]] rekke yn ûnder de yndruk fan de út Switserlân stamjende Doopsgesinden.
 
Yn dyselde tiid kaam er werom nei syn bertedoarp Wytmarsum, om dêr it prysterskip op him te nimmen. Yn de jierren '34-36 preke hy fûl tsjin de militante praktiken fan [[Jan van Leiden]] en [[Jan van Batenburg]], mar yn [[1535]] litliet er him lykwols op 'e nij dope (''werdope''; hy wie nammentlik as bern yn de katolike Tsjerke dopedoopt) en it soe noch oant jannewaris [[1536]] duorje eart Simons folslein brekt mei de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Katolike tsjerke]] en [[Doopsgesinden|doopsgesind]] waard. Hjir gie oan foarôf it belis fan it Oldeekleaster tichtby Boalsert, dêr't in opjage groep dopersdopersken harren ferskûle hienen. De ynname fan it kleaster in wike letter troch de steedhâlder fan Fryslân liede ta in moarderij, dêr't ek in broer fan Menno ien fan de sneuvelen by wie. Wa finzen nommen wie, waard letter yn Ljouwert terjochtsteld enmei de dea as fermoardegefolch. Op [[12 jannewaris]] [[1536]] jout Menno Simons syn amt op fan pastoar op en lutstgie fuort nei Grins, dêr't de ferfolging fan Doopsgesinden minder strang is. Hy hâlde him dêr in jier ferskûle om it lot fan Sicke Freerks en oare ûngelokkige tiidgenoaten te ûntrinnen.
 
Yn [[1537]] waard Simons tsjerklik lieder fan de Baptisten yn Nederlân. Hy wenne nei alle gedachten in grut part fan de tiid yn [[Grinslân]], dêr't er yn [[Grins (stêd)|Grins]] in Menniste gemeente foargie en dêr't er ek troude. Hy reizge in soad nei [[Fryslân]] en, nei [[East-Fryslân]] en fierder nei it easten. Mar hy wie nearne lang feilich en yn [[1542]] loofde [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] 100 gûne út foar syn oanhâlding.
 
Simons organisearre troch hiel it Dútske taalgebiet de gemeenten, wiisde liedslju oan en joech stipe oan syn leauwegenoaten troch it skriuwen fan brieven. Yn 1539 kaam syn '[[Fûnemintenboek]]' út, dat tige dierber wie ûnder de minnisten. Simons wie strang op de libbenshâlding: de gemeente moast 'sûnder flek op rimpel '([[Brief fan Paulus oan de Efeziërs|Ef.]] 5:27) wêze, dêr't hy de klam by lei op de needsaak fan geastlike werberte, it suvere [[apostel]]skip fan de kristlike gemeente. Dêr kaam by dat er fûl tsjinstanner wie fan de [[bernedoop]] dat hy seach as net [[Bibel|bibelsk]] fûndeare.
 
Earst yn [[1554]] fûn hy, lykas oare Mennisten, ynin feilich plak op it bûten [[Wüstenfelde]], by [[Bad Oldesloe]] yn [[Sleeswyk-Holstein]]. Yn de rin fan de tiid krigen syn frou Gertrude en hy op syn minsten twa famkes en ien jonge, Jan. Hy ferstoar op [[31 jannewaris]] [[1561]] op [[Wüstenfelde]], en waard dêr ek begroeven. Mar yn de [[Tritichjierrige oarloch]] waard it bûten ferwoastge, sa't it plak fan syn grêf net mear bekend is.
 
== Wurk ==