Havenkraan fan Harns: ferskil tusken ferzjes

Frysker
(ôfbyld der by)
(Frysker)
De haventopkraan fan it merk [[Figee]] waard boud yn [[1967]]. De kabine is 17 meter boppe de kaai; de gyk rikt oant 45 meter hichte. De havenkraan is yn [[2001]] oerdroegen oan de hjoeddeiske eigener, dy't der benei twa jier foar útluts om de nije bestimming te realisearjen, nammentlik as 2-persoans keameroernachting. Fan [[septimber]] [[2003]] ôf wie it hjirmei mooglik om [[Harns (stêd)|Harns]] en de [[Waadsee]] fanôf kraanhichte te besjen.
 
De Spartaanse koailedders binne ferfongen troch twa spesjaal ûntwurpen liften. De keamer yn de kraan is 60 kubike meter grut en beskikt oer in bêd, sitplakken fan [[Charles Eames]] en 2-persoans stoartbad. It ljocht en de audiovisuele elektronika kin betsjinne wurde mei [[Taastskerm|touchscreen]]s. Der is ek in terras op it dak en der is in doarke wêrby't men nei bûten rinne kin en wurdt omsletten troch in hechte reling.
 
De hiele kraan kin ek noch betsjinne wurde mei ien kneppel. Gasten fan de kraan meie de kraan 360° draaie en kinne sa sels kieze hokker útsjoch se hawwe wolle.