Reformaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: ia:Reforma protestante
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
Ek yn Fryslân wie de Reformaasje in kompleks ferskynsel. Der is yn dy tiid spanning yn- en bûten de tsjerke. De doarpspastoars, meast Friezen, troch frije prysterkar oansteld, stienen de [[Fryske Frijheid]] foar: gjin 'ûngewoane' tsjerklike belestingen, gjin tsjerklike maatregels út it fiere [[Brussel]] of [[Rome (stêd)|Rome]] wei, gjin steun foar de [[Ynkwisysje]]. Mar, it beskavingspeil fan de prysters wie net heech, harren hannel en wannel wekte krityk, de macht fan de kleasters mindere. Dêrneist groeit de twivel oer de roomske tsjerkelear.
[[Ofbyld:Calvinus.jpg|thumb|''Jehannes Calvijn'']]
Wat it earst en it sterkst wurke hat, falt net te sizzen. De earste herfoarmingsgesinden binne Sakremintaarjers, sy ûntkenne it miswûnder en neist harren oppenearje har hieltiten mear de dopersken ([[doopsgesinden]])|dopersken oer de werdoop. Dat it Munsterske aventoer sa'n yndruk makket, wylst der bygelyks fan [[Luteranisme]] gjin sprake is, moat gearhingje mei de ekonomyske posysje fan de massa. Oant koart foar [[1580]] is der ek gjin eigentlik [[kalvinisme]], men is anti-roomsk. Al in hiel skoft foar [[1560]] wienen der in soad non-paschanten. Oarsaak: de ynfloed fan geastliken as [[Gellius Faber]], de wurking fan strange plakkaten fan oerheid en ynkwisysje op de folksaard, stúdzjes oan bûtenlânske univeriteiten (Wittenberch). Dat dit lêste [[1544]] ferbean waard seit genôch. In soad fan dizze studinten waarden frijheidsstriders (sjoch [[Karel Roarda (politikus)|Karel Roarda]]). Dochs hat in goedlieden herfoarming yn hert en holle hjir in soad kânsen hân. Doe't dy útbleau, kaam ek troch de politike situaasje (sjoch [[George fan Lalaing|Rennenberg]]) de omkear. De grifformearde sjerke krige de macht en waard [[steatstsjerke]] yn [[1580]].
 
Bekend is dat [[Deputearre Steaten]] fan Fryslân, dy't de kant fan de [[Tachtichjierrige Kriich|Opstân]] hâlden, begjin 1580 de militêre macht griepen doe't se yn 'e gaten krigen dat steedhâlder