Minne Simens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 8:
Al yn syn begjinjierren as pryster hie Menno Simons twifels oer hoe't de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Katolike tsjerke]] omgie mei de [[sakraminten]]. Doe't er hearde dat [[Sicke Frearks]] op [[20 maart]] [[1531]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] eksekutearre waard, omdat er him op 'e nij dope litten hie, naam dy twifel allinne noch mar ta. Hy sympatisearre earstoan mei [[Maarten Luther]], dêrnei waard hy mear oanlutsen troch de ideeën fan [[Huldrych Zwingli]] en om-ende-by [[1531]] rekke yn ûnder de yndruk fan de út Switserlân stamjende Dopersken.
 
Yn dyselde tiid kaam er werom nei syn bertedoarp Wytmarsum, om dêr it prysterskip op him te nimmen. Yn de jierren '34-36 preke hy fûl tsjin de militante praktiken fan [[Jan van Leiden]] en [[Jan van Batenburg]], mar yn [[1535]] liet er him lykwols op 'e nij dope (''werdope''; hy wie nammentlik as bern yn de katolike tsjerke doopt) en it soe noch oant jannewaris [[1536]] duorje ear't Simons folslein brekt mei de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Katolike tsjerke]] en [[DoopsgesindenDopersken|dopersk]] waard. Dêr gie it belis fan it Oldeekleaster tichtby Boalsert oan foarôf, dêr't in opjage groep [[Dopersken|dopersken]] harren ferskûle hienen. De ynname fan it kleaster in wike letter troch de steedhâlder fan Fryslân liede ta in moarderij, dêr't ek in broer fan Menno ien fan de sneuvelen by wie. Wa finzen nommen wie, waard letter yn Ljouwert terjochtsteld mei de dea as gefolch. Op [[12 jannewaris]] [[1536]] joech Menno Simons syn amt fan pastoar op en gie fuort nei Grins, dêr't de ferfolging fan Dopersken minder strang wie. Hy hâlde him dêr in jier ferskûle om it lot fan Sicke Freerks en oare ûngelokkige tiidgenoaten te ûntrinnen.
 
Yn [[1537]] waard Simons tsjerklik lieder fan de Baptisten yn Nederlân. Hy wenne nei alle gedachten in grut part fan de tiid yn [[Grinslân]], dêr't er yn [[Grins (stêd)|Grins]] in meniste gemeente foargie en dêr't er ek troude. Hy reizge in soad nei [[Fryslân]], nei [[East-Fryslân]] en fierder nei it easten. Mar hy wie nearne lang feilich en yn [[1542]] loofde [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] 100 gûne út foar syn oanhâlding.