Patriottetiid yn Boalsert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Boalsert - Verwijzing(en) gewijzigd naar Boalsert (stêd)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
 
== Foarspul ==
Yn [[1773]] stelde de steedhâlder [[Willem V fan Oranje-Nassau|Willem V]] foar om fan de [[froedskip]] fan Boalsert - besteande út seis boargemasters, twa riedslieden en 24 froedskipsleden – helte der ôf te dwaan. Der wienen net genôch kwalifisearre kandidaten op in befolking fan 2.500 ynwenners. Boppedat wienen [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Katoliken]] (ûngefear 30% fan de befolking), [[MennistenMenisten]] (5%) en [[Lutersken]] en [[Joaden]] (5%) destiids útsluten fan it froedskipsamt. Omdat der skeel ûntstie, kaam der in nij foarstel yn [[1776]], wêrby’t de rie mar mei ien tredde fermindere wurde soe. Yn [[1778]] stelde de [[steedhâlder]] foar it ûnderwerp gwurde te litten, omdat der dochs noch in lid tsjinstimde. Blykber wie in mearderheid fan stimmen net genôch. Dochs liet de prinsgesinde boargemaster Schelto fan Hiemstra yn syn folgjende amtsperioade de froedskip op autokratyske wize ''"útstjerre"''. Miskyn net ferkeard, want Amsterdam, in stêd mei mear as 200.000 ynwenners hie destiids fjouwer boargemasters en 34 froedskipsleden.
 
In desimber [[1782]] waard boargemaster Van Hiemstra, dy’t net yn Boalsert wenne en krektas syn foargongers nea amtenjild betelle hie, bûtenspul setten. De spanning wie oprûn omdat Van Hiemstra yn augustus fan dat jier in Oranjegesinde stêdssekretaris beneame wollen hie, noch foardat de ferstoarne sekretaris begroeven wie.<ref>J. de Boer (1987) Vrijkorpsen in Friesland. Yn: W. Bergsma et al. For uwz lân, wiv en bern. De patriottetiid yn Fryslân, side 74.</ref> It slagge de patriotten S. Braaksma beneamd te krijen op grûn fan prosedurele fouten, it earste súkses. Binnen in jier rekke Van Hiemstra – dy’t der faak net by wie en by gelegenheid op himsels stimde – syn boargemastserssit en jierrenlange ôffurdiging nei de Provinsjale Steaten kwyt.<ref>Eenige brieven betrekkelijk het voorgevallene in Bolswards regeering in de jaaren 1782, 1783 en begin van 1784, side 5. (1785)</ref> De steedhâlder ûnderkende dat Van Hiemstra yn behyplike omstannichheden siet.<ref> Ken. Hûsargyf 221, inv. 22, 7 desimber 1782.</ref>