Karl Dönitz: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
No edit summary |
|||
Rigel 3:
== Iere libben==
Op [[1 april]] [[1910]] begûn Dönitz as kadet yn de de ''[[Kaiserliche Marine]]'' fan it [[Dútske Keizerryk]].
== Earste Wrâldkriich ==
Oan it begjin [[Earste Wrâldkriich]] slagge it lytse eskader om mei de SMS Breslau en SMS Goeben de Frânske en Britske marine te ûntwiken
== Ynterbellum ==
Nei de kriich wie er - krekt as in soad oare Dútsers konservatyf en
== Twadde Wrâldkriich ==
Yn [[1939]] krige er it befel oer de [[U-boot|dúkboaten fan de Dútske marine]]. Dönitz boude de ôfdieling fan de Dútske marine op en waard it effektyfste wapen fan de marine. Hy wie in goede strateech, dy't mei syn ''U-boten'' (dúkboaten) militêr súkses hie tsjin de [[Alliearden|alliearde]] float yn de [[Twadde Wrâldkriich]]. op [[30 jannewaris]] [[1943]] waard hy as opfolger beneamd troch [[Erich Johann Albert Raeder]] ([[1876]]-[[1960]]), dy't oant dan ta befelhawwer wie fan de Dútske marine. Troch Dönitz waarden de dúkboaten aloan mear as strategysk wapen tsjin de alliearden brûkt, mar de alliearden feroaren harren strategy tsjin de U-boaten ek. Yn maaie 1943 wie it kearpunt fan it súkses fan de Dútske U-boaten,
Foardat Hitler himsels op [[30 april]] [[1945]] tekoart die, beneamde er Karl Dönitz yn syn polityk testamint as syn opfolger. Dönitz waard troch Hitler beneamd ta "Reichspräsident" (rykpresidint) en net as Führer, omdat der neffens Hitler mar ien Führer wêze koe yn de Dútske skiednis. Dönitz wie tige ferheard doe't er hearde dat hy Hitler opfolgje moast, omdat it yn 'e reden lei dat in oare pommerante Nazi ([[Heinrich Himmler]] bygelyks) de Führer opfolgje soe. Op [[1 maaie]] [[1945]] naam it [[Dönitz-regear]] deunby [[Flensboarch]] de macht oer it [[Tredde Ryk]] oer. Dat regear waard ek wol it
Hy stjoerde it oanbod om te kaputilearjen nei de Britske fjildmaarskalk [[Bernard Montgomery|Montgomery]], mar woe fierder fjochtsje tsjin de Russen. Lykwols wegere [[Winston Churchill|Churchill]] syn fersyk en foar de alliearden moast Dútslân sûnder betingst
Doe't Dönitz hearde wat foar ôfgryslike dingen der bard wienen yn de Dútske konsintraasjekampen, woe er fuort in ûndersyk nei dat barren ha. Safier soe it net mear komme, omdat leden fan it Dönitz-regear op [[23 maaie]] doch noch arrestearre waarden.
Rigel 22:
== Nei de Twadde Wrâldkriich ==
=== Proses fan Neurenberch ===
Karl Dönitz wie ien fan de fertochten by it [[Proses fan Neurenberch]] dêr't hy skuldich ferklearre waard oan it bedriuwen fan misdaden tsjin de frede en it bedriuwen fan kriichsmisdriuwen. By it proses kaam it saneamde "Laconia-befel" fan 1942 op it aljemint. De
=== Libben yn West-Dútslân ===
Nei syn straf sette er him nei wenjen yn Aumühle, deunby [[Hamburch]]. Syn frou Ingeborg stoar yn 1962; syn beide soans wienen yn de kriich al ferstoarn. Hy besocht om in oar byld te jaan fan de soldaten dy't neat mei de Nazi-polityk te krijen hienen. Yn 1968 publisearre Dönitz syn autobiografy ''Mein wechselvolles Leben'', dêr't er himsels yn omskriuwt as in militêr dy't him distansearret fan it nasjonaal-sosjalisme. Doe't yn 1973 en 1974 bekend waard dat de geheime koade fan de Enigma-kaai, dy't op dúkboaten brûkt waard om te kommunisearjen, liet Dönitz koart foar't er stoar witte dat er dat altyd al tocht hie. Op [[24 desimber]] [[1980]] stoar Karl Dönitz en waard op it Waldfriedhof fan Aumühle-Wohltorf te hôf brocht. Karl Dönitz is 89 jier wurden.
== Bibliografy ==
|