G. Willem Abma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
→‎Dichtwurk: siet noch ien tusken
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 2:
 
== Biografy ==
Willem Abma waard berne yn 1942 yn it grutte ortodokske húshâlding. Syn broer [[Gerben Abma]] (1932) is ek skriuwer. Hy studearre earst rjochten yn [[Utert (stêd)|Utert]] en dêrnei [[teology]] oan de [[Ryksuniversiteit Grins]]. Nei't er ferskate baantjes hân hie, die er yn 1974 syn doktoraal eksamen yn de teology. Dernei wurke er as dosint godstsjinst yn it fuortset ûnderwiis. Sûnt 1987 wurke er as psychoterapeut yn [[Drachten]]. Hy bout dy praktyk foar gespreksterapy op njonken syn skriuwerskip, dêr't er in jiermannich in beurs foar krige fan it Fonds voor de Letteren. Hy hat, as skriuwer en dichter, in grut oeuvre by elkoarbyinoar skreaun. Yn it begjin skreau hie ûnder it pseudonym '''Daniël Daen'''. Foar de earste trije dichtbondels dy't er ûnder dydat pseudonym skreaun hie, krige er yn 1973 de [[Gysbert Japicxpriis]].
Yn it iere dichtwurk wurdearre de advyskommisje doedestiids it algemien minsklike, dat fierder rikt as it momint. Hoewol't it wurk fan Abma, lykas as by de measte dichters, tige persoanlik is, behannelet hy grutte tema's lykas libben en dea, leafde, it minsklik tekoart, it leauwe en de maatskippij. Syn eardere wurk kenmerket him troch in minging fan religy en seksualiteit dy't sa no en dan oan it wurk fan [[Jan Wolkers]] tinken docht. De fersen hawwe wat wiisgearichs mei har bylden en ferwizingen nei de [[Bibel]] en nei de myten en de [[filosofy]] fan de [[âldheid]]. Al dichtsjend hat de dichter besocht klearrichheid te krijen oer syn identiteit, syn ferhâlding ta de meiminske en syn plak op ierde. Dêrnei kaam der mear romte foar oaren en toande er yn syn literêr wurk mear engaazjemint. De toan yn de lettere gedichten is mylder, de fersen binne begrypliker, minder typysk Daniël Daensk, wurden. Abma hat redakteur west fan [[Alternatyf (tydskrift)|Alternatyf]], [[Operaesje Fers]] en [[Trotwaer]].